10 - 3. As der oangeande in ütstel dat yn behanneling is in moasje yntsjinne is, wurdt der earst oer it ütstel stimd en dernei oer de moasje. It stimmen oer persoanen. Kêst 28. 1. As der stimd wurde moat oer persoanen foar it dwaan fan in foardracht of it opstellen fan in foardracht of oanrekomman- daasje beneamt de foarsitter trije leden ta stimburo. 2. Elk yn 'e gearkomste oanwêzich lid dat him net op grûn fan 'e Gemeentewet fan it stimmen ûnthâlde moat is ferplicht in stim- briefke yn te leverjen. De stimbriefkes moatte identyk wêze. 3. Der wurdt sa faak stimd as der persoanen te beneamen, foar te dragen of oan te rekommandearjen binne. De gearkomste kin op ütstel fan 'e foarsitter beslisse dat be paalde stimmings gearfette wurde op ien briefje. k. It stimburo giet nei oft it oantal ynlevere stimbriefkes gelyk is oan it oantal leden dat neffens it twadde lid ferplichte is in stimbriefke yn te leverjen. As de oantallen net gelyk binne wurde de stimbriefkes ferneatige sünder dy iepen te meitsjen en wurdt in nije stimming hâlden. 5. Foar it fêststellen fan 'e folsleine mearderheid as bedoeld yn kêst 30 fan 'e Gemeentewet wurde achte gjin stim ütbrocht te hawwen dy leden dy't gjin behoarlik stimbriefke ynlevere hawwe. Under in net behoarlik ynfolle stimbriefke wurdt ferstean: in blanko ynlevere stimbriefke; in ündertekene stimbriefke; in stimbriefke dêr't mear dan ien namme op stiet, of it moat wêze dat de stemming ünderskate fakatueres oanlanget; in stimbriefke wêrby, as it om in beneaming op foardracht giet, op in persoan stimd wurdt dy't net foardroegen is; in stimbriefke wêrby op in oare persoan stimd wurdt dan dy dêr't de stimming ta beheind is. 6. Yn gefal fan twifel oer de ynhâld fan in stimbriefke beslist de ried, op ütstel fan 'e foarsitter. 7. De siktaris stiet noed foar it ferneatigjen fan 'e stimbriefkes daliks nei it fêststellen fan 'e ütslach. It op 'e nij stimmen oer persoanen. Kêst 29. 1. As by de earste stimming ninmen de folsleine mearderheid krigen hat, wurdt ta in twadde stimming oergien.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 64