11 - 2. As ek by dy twadde stinming nimmen de folsleine mearderheid krigen hat, wurdt in tredde stinming hâlden tusken twa per- soanen, dy't by de twadde stemming de measte stimmen krigen hawwe (op 'e nij stimme) Binne by de twadde stinming de stimmen oer mear dan ien persoan ferdield, dan wurdt by in tuskenstimming útmakke tusken hokker persoanen de tredde stimming wêze sil. 3. As by tuskenstimming of tredde stimming de stimmen stake, be slist daliks it lot. Beslissing troch it lot. Kêst 30. 1. As it lot beslisse moat, wurde de nammen fan harren tusken wa't de beslissing wêze moat, troch de foarsitter op aparte, alhiel gelikense, briefkes skreaun. 2. Dy briefkes wurde, nei't dy troch it stimburo kontrolearre binne, op 'e selde wize teard, yn in stimbokaal deponearre en omskodde 3. Dêrnei nimt de foarsitter ien fan 'e briefkes út 'e stimbokaal. Dyjinge waans namme op dat briefke stiet, is keazen. HAADSTIK IV. RJOCHTEN FAN 'E LEDEN. Amendeminten. Kêst 31. 1. Elk lid dat yn 'e gearkomste oanwêzich is, hat it foech om ünder it beriedhâlden wizigingen út te stellen op it útstelde beslút (amendemint)Hy kin ek útstelle, it útstelde beslút yn ien of mear ûnderdielen te splissen, dêr't apart oer besletten wurde sil 2. Elk lid dat yn 'e gearkomste oanwêzich is, hat it foech om op it amendemint dat troch in lid yntsjinne is, in wiziging út te stel len sub-amendemint) 3. Elk sub-amendemint en elk útstel moat skriftlik by de foarsit ter yntsjinne wurde, of it moast wêze dat de foarsitter - mei it each op it ienfâldige karakter fan it útstelde - fan oardiel is, dat mei in múnlinge yntsjinning folstean wurde kin. 4. Elk sub-amendemint of útstel om te splissen moat om it yn behanneling nimme te kinnen troch op syn minst twa oare leden mei-ündertekene wurde of by mûnlinge yntsjinning stipe wurde. 5. In sub-amendemint moat sa formulearre wêze dat de tekst dêrfan gaadlik is om yn it ûntwerp-beslút ferwurke te wurden. RV0.247/V0/U

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 65