- 12 - 6. It wer ynlûken, troch de yntsjinner(s)fan it (sub-)amendemint is altyd mooglik eardat de beslütfoarming troch de gearkomste syn beslach krigen hat. Moasjes Kêst 32. 1. Elk lid kin yn 'e gearkomste in moasje yntsjinje. 2. In moasje moat skriftlik by de foarsitter yntsjinne wurde. Dy moat om behannele wurde te kinnen troch op syn minst twa oare leden mei-undertekene wurde. 3. De behanneling fan in moasje oer in ûnderwerp dat yn behanneling is krijt tagelyk syn beslach mei it beriedhâlden dêroer. 4. It behanneljen fan in moasje oer in ünderwerp dat net yn 'e wurklist opnomnen is krijt syn beslach nei't alle op 'e wurklist steande underwerpen behannele binne. Utstellen fan oarder. Kêst 33. 1. De foarsitter en elk lid kinne ûnder de gearkomste münling in útstel fan oarder dwaan, dat koart taljochte wurde kin. 2. In ütstel fan oarder kin inkeld en allinne de oarder fan 'e gearkomste oanbelangje. 3. Oer in útstel fan oarder beslist de ried fuortdaliks. Inisjatyfútstellen. Kêst 34. 1. Elk lid hat it rjocht litstellen oan 'e ried te dwaan, dy't buten de wurklist falie. 2. Sa'n ütstel moat skriftlik by de foarsitter yntsjinne wurde en op syn minst troch twa oare leden mei-ûndertekene wurde. 3. De foarsitter set it ütstel sa gau mooglik op 'e wurklist fan in gearkomste. 4. Op ütstel fan boargemaster en wethâlders beslist de ried oft it ütstel foar kennisjouwing oannommen wurdt, daliks yn behanneling nommen wurdt of foar advys yn hannen fan boargemaster en wet- hâlders steld wurdt. As de ried beslist it ütstel daliks yn behanneling te nimmen, krijt dy behanneling syn beslach, nei't alle op 'e wurklist foarkomnende ünderwerpen behannele binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 66