13 - Skriftlike fragen. Kêst 35. 1. Elk lid kin oan 'e boargemaster of oan boargemaster en wet- hâlders skriftlik fragen stelle. 2. De fragen wurde koart en dúdlik formulearre. De fragen kinne fan in taljochting foarsjoen wurde. By de fragen wurdt oanjün, oft men in mûnling of in skriftlik antwurd wol. 3. De fragen wurde by de foarsitter fan 'e ried yntsjinne. Dy soarget derfoar dat de oare leden fan 'e ried sa gau mooglik kennis hawwe fan 'e fragen. De fragen wurde neamd op 'e list fan ynkommen stikken. 4. Skriftlik beantwurdzjen krijt sa gau mooglik syn beslach, yn elk gefal binnen tritich dagen, nei't de fragen ynkommen binne. Münling beantwurdzjen krijt syn beslach yn 'e earstfolgjende riedsgearkomsteAs it beantwurdzjen net yn dizze termyn syn beslach krije kin, krijt de de fragesteller dér motivearre berjocht fan, dêr't by oanjun wurdt de termyn, dêr't it beant wurdzjen syn beslach krije sil. Dat berjocht wurdt behannele as in antwurd. 5. De antwurden wurde troch de foarsitter oan 'e leden fan 'e ried meidield. 6. De fragen en antwurden wurde tagelyk mei de stikken as bedoeld yn kêst 17 oan 'e leden fan 'e ried tastjoerd. 7. De fragesteller kin, by skriftlik beantwurdzjen yn 'e earstfolg jende riedsgearkomste en by münling beantwurdzjen yn deselde riedsgearkomste, mei it behanneljen fan 'e op 'e wurklist foar- kommende ûnderwerpen neiere ynljochtings freegje oangeande it antwurd dat boargemaster en wethâlders jûn hawwe. Ynljochtings Kêst 36. 1. As in lid oer in underwerp ynljochtings as bedoeld yn 'e kêsten 169 en 180 fan 'e Gemeentewet hawwe wol wurdt dêrta in skriftlik fersyk yntsjinne by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders of de boargemaster. 2. In ôfskrift fan dat fersyk wurdt troch boargemaster en wet- hâlders yn ôfskrift tastjoerd oan 'e ried. 3. De begearde ynljochtings wurde münling of skriftlik jun yn de earstfolgjende of yn de dêrop folgjende gearkomste. 4. De stelde fragen en antwurden foarmje in punt op 'e list fan ynkommen stikken en meidielings foar de gearkomste, dêr't de antwurden yn jün wurde si 11e. '.70. 247'70'13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 67