14 - HAADSTIK V. BEGRüTTING EN REKKEN. Proseduere begrutting. Kêst 37. Unfermindere wat bepaald is yn 'e Gemeentewet bart it tarieden, it ûndersyk en it fêststellen fan 'e begrutting neffens in proseduere dy't de ried fêststelt. Proseduere rekken. Kêst 38. Unfermindere wat bepaald is yn 'e Gemeentewet bart it tarieden, it undersyk en it fêststellen fan 'e gemeenterekken neffens in prose duere dy't de ried fêststelt. HAADSTIK VI. LIDMAATSKIP FAN PARE ORGANISAASJES Ferslach, ferantwurding. Kêst 39. 1. In lid fan 'e ried, dat troch de gemeenteried oanwiisd is as lid fan it algemien bestjoer fan in iepenbier lichem of fan in oar mienskiplik orgaan, ynsteld op grün fan 'e "Wet gemeenschappelij ke regelingen", hat it rjocht (om yn oansluting op it behannel- jen fan 'e list fan ynkommen stikken of foar it sluten fan 'e gearkomste) ferslach te dwaan oer saken dy't yn it algemien bestjoer as bedoeld oan 'e oarder binne. Hy lit syn foarninmen om ferslach te dwaan it leafst foar it ferstjoeren fan 'e rieds- wurklist, mar op syn lést twa dagen foar it begjin fan 'e gear komste, witte oan 'e foarsitter. Oangeande it troch de ried winske besprek fan dat ferslach kin de foarsitter ferwize nei de oanbelangjende riedskonmisje. 2. Elk lid fan 'e ried kin oan in riedslid as bedoeld yn lid 1 skriftlik fragen stelle. De regels foar it stellen fan skrift- like fragen, fêststeld yn kêst 35, binnen fan oerienkomstige tapassing. 3. As in lid fan 'e ried it riedslid as bedoeld yn it earste lid ta ferantwurding roppe wol oer syn wize fan funksjonearjen op him- selsbeslüt de ried oer it tastean dêrfan. De regels foar it freegjen fan ynljochtingsfêststeld yn kêst 36, binne fan oer ienkomstige tapassing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 68