15 - 4. Oer in útstel ta ûntslach fan in troch de ried oanwiisd lid fan it algemien bestjoer fan in iepenbier lichem of fan in oar mienskiplik orgaan, as bedoeld in it earste lid wurdt gj in beriedhâlden dan nei't yn in gearkomste, op syn minst fjirtjin dagen yn't foar hâlden, besletten is te ferklearjen dat it oan- belangjende riedslid net mear it betrouwen fan 'e ried hat as lid fan it bedoelde bestjoer. 5. Dat kêst is fan oerienkomstige tapassing op oare organisaasjes of ynstitiisjesdêr't de ried ien fan syn leden yn beneamd hat. 6. Dat kêst is allyksa fan oerienkomstige tapassing as de yn it earste lid bedoelde oanwizing de boargemaster of de siktaris oanbelanget. HAADSTIK VII. BESLETTEN GEARKOMSTE. Algemien. Kêst 40. Op in besletten gearkomste binne de bepalings fan tapassing dy't jilde foar in iepenbiere gearkomste. Oantekeningen. Kêst 41. 1. De oantekeningen fan in besletten gearkomste wurde net rünparte, mar lizze inkeld en allinne, ünder behear fan 'e siktaris, foar de leden op besjen. 2. Dy notulen wurde sa gau mooglik yn in besletten gearkomste foarlêzen om fêststeld te wurden. Under dy gearkomste nimt de ried in beslüt oer it al dan net iepenbier meitsjen fan dy oantekeningen. 3. De fêststelde oantekeningen wurde troch de foarsitter en de siktaris ündertekene. Geheimhâlding. Kêst 42. Foar de ófrin fan in besletten gearkomste beslist de ried of oan- geande de ynhâld fan 'e stikken en it ferhannele geheimhâlding jilde sil. De ried kin beslute de geheimhâlding op te heffen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 69