16 - Opheffen geheimhâlding. Kêst 43. As de ried op grün fan it stelde yn kêst 55, twadde lid of kêst 93, twadde lid fan 'e Gemeentewet, fan doel is de geheimhâlding op te heffen wurdt, as dêrom frege wurdt troch it orgaan dat de geheim- hâlding oplein hat, yn in besletten gearkomste dêr oerlis mei hâlden. HAADSTIK VIII. KOMMISJES. Ynstellen konmisjes en ferplichting in beneaming as lid oan te nimmen. Kêst 44. 1. De ried kin kommisjes ynstelle. 2. De ried regelet de taken, it foech, de gearstalling en de wize wêrop de leden fan 'e ried de stikken ynsjen kinne dêr't troch de konmisje geheimhâlding op lein is. 3. Elk lid is ferplichte om in beneaming ta lid fan in riedskom- misje oan te nimmen. Dy ferplichting jildt net as in lid foar de wegering in foar de ried oannimlike motivearring oanfiert. 4. In lid dat al yn 3 kommisjes in sit hat is net ferplichte de beneaming oan te nimmen. HAADSTIK IX. KOMMISJE FAN BYSUNDERE TSJINSTEN. Ynstelling. Kêst 45. 1. De ried kin sa faak as dat nedich achte wurdt, út syn midden in kommisje gearstalle om in bysundere opdracht út te fieren. 2. Foar safier nedich is itjinge yn dit reglemint fêststeld op dy kommisje fan tapassing. HAADSTIK X. RIEDSKOMMISJES. It ynstellen. Kêst 46. 1. Foar safier mooglik wurde daliks by it yngean fan in nije rieds- perioade op syn minst twa riedskommisjes ynsteld.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 70