17 - 2. Yn in riedskommisje hawwe op syn minst fjouwer leden, troch de ried út syn midden beneamd, in sit. By it beneamen wurdt safolle mooglik rekkening hâlden mei de politike gearstalling fan 'e ried. 3. De riedsfraksjes drage leden foar oangeande it beneamen yn 'e riedskommisj e Ek net-riedsleden dy't foarkomme op 'e kandidatelist fan 'e oan- belangjende fraksjes kinne foardroegen wurde. De ried beneamt de leden fan 'e riedskommisjes 4. Foar safier nedich is dit reglemint op 'e riedskommisjes fan tapassing. 5. Foar de riedskommisjes is njonken dit reglemint in apart regie- mint fan tapassing. Taak fan 'e riedskommisjes Kêst 47. 1. De riedskommisje bringt op fersyk fan boargemaster en wet- hâlders, as de riedskommisje dat nedich achtet ek op eigen inisjatyf, advizen út oan 'e ried oer alle underwerpen dy't ta it foech fan 'e ried hearre. 2. De ried kin beslute dat in ûnderwerp, ear't it yn in riedsgear- komste behannele wurdt, yn 'e oanbelangjende riedskommisje behannele wurdt. 3. Oer in ünderwerp dat heart ta it foech fan boargemaster en wethâlders, dan wol de boargemaster wurdt inkeld en allinne op fersyk fan dy bestjoersorganen in advys útbrocht. Dat advys wurdt rjochte oan it fersykjende bestjoersorgaan. 4. De riedskommisje bringt inkeld en allinne advizen út oer oan de oanbelangjende riedskommisje tadielde bestjoers- en beliedsfjil- den. 5. De riedskommisje kin gjin besluten nimme. HAADSTIK XI. TAHARKERS EN PARSE. Taharkers en parse. Kêst 48. 1. De taharkers en fertsjinwurdigers fan 'e parse kinne inkeld en allinne op 'e foar harren bestimde plakken iepenbiere gearkom- sten bywenje. 2. It is de taharkers net tastien en jou bliken fan ynstimmen of ófkarren of op oare wize de oarder te fersteurjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 71