18 - Maatregels fan oarder. Kêst 49. As de foarsitter soks nedich achtet, kin er de gearkomste foar in troch him te bepalen tiid ferskowe om 'e oarder op 'e publike tribune te bewarjen. HAADSTIK XII. EINBESLUT. Utlis reglemint. Kêst 50. Yn de gefallen dêr't dit reglemint net yn foarsjocht of by twifel oangeande tapassing fan it reglemint, beslist de ried op ütstel fan 'e foarsitter. Trochstjoeren fan stikken. Kêst 51. 1. Stikken oan 'e ried rjochte, wurde as foar it oanbe lang jende ûnderwerp in konmisje ynsteld is, trochstjoerd oan dy konmisje. 2. De foarsitter docht meidieling fan untfangst en fan it troch stjoeren. It yngean. Kêst 52. 1. Dit reglemint giet yn op 'e achtste dei nei it buorkundichmeit- sjen. 2. Op dat stuit ferfalt it reglemint fan oarder foar de gemeente- ried fan Boamsterhim fêststeld by riedsbeslút fan 21 febrewaris 1984, numer 5. Grou, 24 jannewaris 1995. De ried boppeneamd, de siktaris, de foarsitter, (mefrou A.M.E. van der Sluijs) (Y. Dijkstra)

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 72