GEMEENTE BOARNSTERHIM Nû. 4.2. De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim; sjoen it ütstel fan boargemaster en wethâlders fan 13 jannewaris 1995; achtslein op 'e Algemene wet bestuursrecht, de Gemeentewet en it Reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e gemeenteried; b e s 1 t fêst te stellen: "it reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan 'e riedskomnisjes" Taak fan 'e riedskommisje. Kêst 1. 1. De riedskommisje bringt op fersyk fan boargemaster en wet- hâlders, as de riedskommisje dat nedich achtet ek op eigen inisjatyf, advizen út oan 'e ried oer alle underwerpen dy't hearre ta it foech fan 'e ried. 2. De ried kin beslute dat in ûnderwerp, ear't it yn in riedsgear- komste behannele wurdt, yn 'e oanbelangjende riedskommisje behannele wurdt. 3. Oer in ûnderwerp dat heart ta it foech fan boargemaster en wethâlders, dan wol de boargemaster wurdt inkeld en allinne op fersyk fan dy bestjoersorganen in advys útbrocht. Dat advys wurdt rjochte oan it fersykjende bestjoersorgaan. 4. De riedskommisje bringt inkeld en allinne advizen út oer oan de oanbelangjende riedskommisje tadielde bestjoers- en belieds- fj ilden. 5. De riedskommisje kin gjin besluten nimme. De foarsitter. Kêst 2. 1. De portefuljehâlders hannelje as foarsitter fan 'e riedskom misj es

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 78