- 2 - 2. De foarsitter is belèste mei: a. it lieden fan 'e gearkomste; b. it bewarjen fan 'e oarder; c. it derfoar soargjen dat it reglemint fan oarder krekt nei- kommen en folge wurdt; d. wat de wet of dit reglemint him fierders opdraacht. 3. Hy ferlient it wurd en formulearret konklúzjes. De skriuwer. Kêst 3. 1. Boargemaster en wethâlders wize in amtner oan dy't belèste wurdt mei it skriuwerskip fan 'e riedskommisje. 2. By behindering of ôfwêzigens wurdt er ferfongen troch in dêrta troch de siktaris oanwiisd amtner. 3. Hy kin, as er dêrta troch de foarsitter ütnoege wurdt, oan it beried as bedoeld yn dit reglemint dielnimme. Tiid en plak fan gearkommen. Kêst 4. 1. De gearkomsten fan 'e riedskommisjes wurde hâlden neffens in jierliks fêst te stellen roaster en boppedat sa faak as dat troch de foarsitter nedich achte wurdt, of dêr troch op syn minst trije leden fan 'e riedskommisje om frege wurdt. 2. De gearkomsten wurde hâlden yn it gemeentekantoar. 3. De foarsitter kin yn bysûndere gefallen in oare dei en/of in oar begjinoere fêststelle of in oar gearkomsteplak oanwize. Oprop, wurklist. Kêst 5. 1. De foarsitter stjoert - driuwende gearkomsten vitsein - sa moog- lik op syn minst sân dagen foar in gearkomste de leden in skrift- üke oprop under it neamen fan 'e dei, de tiid en it plak fan e gearkomsten. 2. It oproppingsbrief neamt de ûnderwerpen, dy't yn e gearkomste behannele wurde sille yn 'e folchoarder dêr't dy yn oan e oarder steld wurde sille. Gearkomstestikken wurde foar safier mooglik meistjoerd. Stikken dêr't dat net fan mooglik is wurde op 'e gebrûklike wize foar de ôfkommisjeleden op besjen lein. 3. De riedskommisje kin beslute de folchoarder fan behanneljen te feroarjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 79