- 5 - De hear Van der Baan seit dat op dit ütstel blykber gj in seine rêst. De V.V.D.-fraksje is neffes him mei flau praat serieus dwaande mei it ûndergraven fan it Frysk. De fraksje wit hoe't it kolleezje oer de Fryske strjitnammen ensafuorthinne tinkt en hat ek al in antwurd krigen yn de ôfdieling. De foarsitter seit dat de ried in belied Frysk hat. Dêr moat, sa't yn 'e foarige gearkomste ek sein is noch in protte foar bar re. It is net yn it belang fan dat belied om dübeltalige strjit- tenammen te brûken. Nochris, dat is it kolleezje ek perfoarst net fan doel. It ütstel freget oan'e ried Fryske strjittenammen yn Terherne fêst te stellen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5Voorstel voor het wijzigen van de gemeentelijke dienstverlening via de postkantoren. De hear Roorda seit dat it giet om in düdlik, deeglik ütstel. Hy jout yn it omtinken by de foarljochting te wizen op it ferfiers- - projekt Boarnsterhim. De hear Postma freget de mooglikheden te ündersykjen om ien as twa kear yn 'e wike mei in ferromming fan'e iepeningstiden te kommen en dan bygelyks oant 18 oere iepen te wêzen. De hear De Jager giet yn 'e pleit foar in goede service en tsjinstferliening. Hy freget it kolleezje te oerwagen yn maaie, juny op sneontemoarn iepen te wêzen. De hear Van der Baan is it iens mei de eardere sprekkers. De foarsitter seit dat it ferfiersprojekt yn it omtinken fan'e minsken brocht wurde sil. Der binne beliedsmjittich gjin behei- ningen om oare iepeningstiden fêst te stellen. It kolleezje soe ek wol graach wolle dat jüns as oan'e ein fan'e middei de ôf- dieling Boargersaken iepen is. It kolleezje is wol ree en seit dat ek ta binnen de finansjele mooglikheden de mooglikheden ta in oare iepenstelling te besjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 6Voorstel tot het verlenen van subsidie aan de VW Mid-Friesland. De hear Postma seit dat syn fraksje wurdearring hat foar it wurk fan de VW. Benammen ek foar de ynset dy't fan de doarpen üt kommen is. De mooglikheid om de bydrage fan ündernimmers te fergrutsjen moat der wêze. De organisaasjegraad yn Jirnsum is op dit stuit noch te leech, sa fynt syn fraksje. De VW hat in protte dien oan it meitsjen fan promoasjemateriaal en it ütset- ten fan rütes. Hy fynt lykwols dat der noch mear mooglikheden lizze en tinkt dan oan fyts- en kanorûtes en it üntwikkelen fan in nôlestring tusken de Deelen en Aldeboarn. De VW is wol tige kwetsber mei mar ien betelle krêft as it giet om it ütwreidzjen fan'e tsjinstferliening. Troch it oanstellen fan projektmanage- mint hat, sa fynt hy, it kolleezje ek de ynspanningsferplichting finansjeel oan de ütwurking fan de ideeën mei te dwaan. N0T15N0V.1/0/H/WESTERHR/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7