- 3 - 4. De foarsitter kin nei it ferstjoeren fan 'e oproppingsbrief sa nedich in oanfoljende wurklist útgean litte. De ütstellen dy't dér op steane wurde sa gau mooglik, mar it leafst op syn lést twa kear 24 oere foar it begjin fan 'e gear- komste oan 'e leden tastjoerd. Iepenbiere publikaasje. Kêst 6. 1. De wurklist wurdt foar de gearkomste fan 'e riedskommisje yn ien of mear dei-, nijs- of hûs-oan-hûsblêden buorkundich makke. 2. Yn dy iepenbiere publikaasje stiet: a. de datum, de begjintiid en it plak fan de gearkomste; b. hoe 't en it plak dêr't elkenien de byhearrende ütstellen ynsjen kin. Iepenbier behanneljen. Kêst 7. 1. Alle oanwêzigen, op 'e publike tribune ek, hawwe it rjocht it wurd te dwaan, of it moast wêze dat de foarsitter út in eachpunt fan oarder of de duer fan 'e gearkomste oanlieding sjocht dat rjocht te beheinen. 2. Yn iepenbiere kommisjegearkomsten wurdt net oer persoanen praat. 3. De stikken oer de ûnderwerpen dy't op it aljemint komme lizze foar elkien op besjen, of it moast wêze dat de gemeente of oaren harren dêr tsjin fersette. 4. De folchoarder fan it behanneljen is sa: de leden fan 'e riedskommisje wurde yn 'e gelegenheid steld om harren opfetting te jaan; dêrnei reagearret de foarsitter dêrop. Dêrnei kinne de oanwêzigen út it publyk it wurd fiere, ek folge troch in reaksje fan 'e foarsitter; by eintsjebeslút kinne de koranisjeleden nochris it wurd fiere, wérnei de foarsitter om óf te sluten de konklúzjes formulearret. Sprekregels Kêst 8. 1. De leden fiere it wurd fan harren sitplak óf en rjochtsje harren ta de foarsitter. 2. By bysûndere gelegenheden kin de foarsitter útmeitsje dat de le den fan in oar plak óf it wurd fiere. •3'rn'vn 'i

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 80