- 4 - Saaklik ferslach en advizen. Kêst 9. 1. Alle leden fan 'e ried krije in eksemplaar fan it saaklik fer slach, ~of it moast wêze dat it giet om in ferslach fan in kom- misje fan advys en bystân oan boargemaster en wethâlders of de boargemaster 2. Het saaklik ferslach wurdt sa gau mooglik yn 'e earstfolgjende gearkomste fêststeld. 3. Der wurdt yn it ferslach oanjûn of it giet om in unanym of in mearderheidsadvysOp fersyk wurdt it minderheidsadvys opnommen. 4. Wurdt der gjin mearderheidsadvys foarme, dan wurde alle stânpun- ten neamd. Lüd- en byldregistraasje. Kêst 10. Dyjingen dy't yn 'e gearkomsteseal ünder de kommisjegearkomste lûd- en/of byldregistraasjes meitsje wolle dogge dêrfan meidieling oan 'e foarsitter en hélde harren oan syn oanwizings. Besletten gearkomste. Kêst 11. Op in besletten gearkomste binne de bepalings fan tapassing dy't jilde foar in iepenbiere gearkomste. Taharkers en parse. Kêst 12. 1. De taharkers en fertsjinwurdigers fan 'e parse kinne inkeld en allinne op 'e foar harren bestimde plakken iepenbiere gearkom- sten bywenje. 2. It is de taharker net tastien en jou bliken fan ynstimmen of ôfkarren of op oare wize de oarder te fersteuren. Maatregels fan oarder. Kêst 13. As de foarsitter soks nedich achtet, kin er de gearkomste foar in troch him te bepalen tiid ferskowe om 'e oarder op 'e publike tribune te bewarjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 81