- 9 - De hear Van der Baan freget de foarsitter de gearkomste tydlik te sluten foar oerlis. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 19.00 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 19.20 oere. Mefrou De Vries seit dat har fraksje bliid is dat der no yn iepen- bierheid praten wurde kin oer dizze kwestje. Dit is it plak om ferant- wurding óf te lizzen. De feiten, dêr giet it om. Har fraksje is der bliid mei dat de rjochter de feiten fêststelt en beoardielet. Mar it giet ek om politike feiten en dêroer kinne de mieningen ferskille. Sy wol graach ütlizze hoe't har fraksje tsjin dizze saak oansjocht. Oan it begjin fan'e nije riedsperioade is yn grutte ienridigens úteinset- ten. Dizze kwestje wie doe net oan'e oarder. Dat is ek net frjemd omt it yn prinsipe in saak tusken wurkjouwer en wurknimmer is. It foech fan it kolleezje dus. Nei de ütspraak fan de straf rjochter fün har fraksje it fan grut belang in stânpunt yn te nimmen. Der is yngeand yn de fraksje oer praten en de fraksje kaam ta de konklúzje dat der in ferskil fan miening wie tusken de wethâlder, dy't it kolleezje stipe en de fraksje. De fraksje fün dat der fierstente swier ynset wie en dat de saak sa gau mooglik út de juridyske sfear helle wurde moast. Fia in kommisje fan wize mannen hat har fraksje útsteld de saak _op te lossen. Dat wie in oar stânpunt as de eardere fraksje. Sy fynt dat net frjemd omt der no in ütspraak is fan de rjochter en de nije fraksje hat in eigen ferantwurdlikheid. De fraksje realisearret har hiel goed dat de posysje fan dy fraksje in oare is as yn it ferline doe't de partij grutter wie en yn de eagen fan guon minsken in protte macht hie. Dat dy posysje feroare is fynt har fraksje net slim. Sy nimt ôfstân fan termen as machtspolityk. Har fraksje hat besocht yn de ried in mearderheid te finen foar in oare oanpak en dat is net slagge. Har fraksje hat hyltiten, as dat nedich wie, útlein dat it mooglik is dat de wethâlder in oare miening hat en in ferant wurdlikheid as wurkjouwer, as de fraksje. De saak is wat har fraksje oangiet in opienstapeling fan ûnhannich- heden. It léste en meast yngripende sinjaal dat har fraksje ôfjûn hat wie by de moasje tidens de algemiene skógings. Doe is ek útsprutsen dat de fraksje wol betrouwen hie yn de yntinsje fan it kolleezje om ta in goede oplossing te kommen. It brief mei dêryn de skeaklaim wie foar har fraksje de léste drip. Dat wie reden der noch wer omstannich oer te praten mei alle partijen. Eltsenien wie fan miening dat der in grutte kâns fan ûntspoaring wie. As ferstannige minsken meielkoar fün men dat der besocht wurde moast de saak út de politike sfear wei te hel jen omt dizze saak net in bestj oerskrisis wurdich is. Doe is der besocht in oerlis te hawwen mei de boargemaster. Dat hat gjin ris- seltaat hén en dat it tige spitich. De fraksje hat doe wer praten mei de wethélder oer hoe út dizze sitewaas je te kommen. De fraksje hie gjin betrouwen yn de te formele en ófstannelike oanpak fan it kol leezje. Se is it iens mei de boargemaster dat it giet om partijen dy't it meielkoar iens wurde moatte en dy partijen kinne it net meielkoar fine. Dat liket har in kearnpunt yn de hiele saak. It liket har fraksje dan dat der iepen en rjochtstreeks kontakt lein wurde moat en net fia advokaten en oare tredden. Har fraksje hat fernommen dat de amtners neat fernimme fan dy ynformele kontakten. Dat is reden foar har fraksje om it sa foars oan .te setten as dien is. It giet har om in goede oplossing fan de saak en har fraksje is net út op in bestjoerskrisis en hat ek hyltiten besocht de koalysje byelkoar te hélden. NOT12JAN95OHWESTERHR9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 13