- 11 - Als daarop wethouder De Boer deze woorden in het college uitspreekt, maar daarnaast aangeeft vertrouwen te hebben in de intentie van het college, barst tot verbazing van haar fractie de bom. En haar fractie bleekt de klomp. Want wat is er anders dan de meerderheid van de raad tot nu toe wilde. Dit alles overziende geeft haar fractie geen aanlei ding om wethouder De Boer weg te sturen. Haar fractie doet een klem mend beroep op de voorzitter van het college om alsnog te trachten deze zaak te relativeren om zo te bewerkstelligen dat de breuk die C.D.A. en D66 dreigen te veroorzaken wordt voorkomen. Het is geen collegecrisis waard, er zijn meer dingen in deze gemeente die belang rijker zijn om door te komen. Niemand is bij een crisis gebaat, het college niet en de gemeente Boarnsterhim niet. De hear Van der Meulen fynt de beskuldiging fan de fraksje fan de V.v.D. oangeande de rol fan de boargemaster hiel swier. De ried waard direkt nei de beëdiging mei de saak fan de beide amtners konfrontearre. Ek syn fraksje hat in miening^ oer de gong fan saken. Dat dy miening net earder nei bûten brocht is hat te krijen mei de Ófspraak dy't de ried makke hat. De ried en it kolleezje soene iepening fan saken jaan en ferantwurding óflizze neidat de saak op lost wie. It kolleezje en ek syn fraksje ferbrekt it swijen. Yn e parse komt eltse kear mar wer in lyts partsje nei bûten, op basis wêrfan minsken harren miening foarmje. Spitigernôch is it byld ûnt- stien dat it kolleezje net syn bést die ta in oplossing te kommen. Dat is in minne saak. Eltsenien, dy't de stikken ynsjoen hat, wit ommers dat dat oars is. It kolleezje wie altiten út op in oplossing. Syn fraksje hat fanôf it begjin oan it kolleezje frege der sa_gau as mooglik út te kommen en derby it ynformele paad net te mij en. De ynspanningen op dat mêd hawwe noch net ta in oplossing laad. Om der út te kommen binne twa partijen nedich. En oare partijen binne blykber noch net oan'e oplossing fan it kolleezje ta en syn fraksje respektearret dat. Syn fraksje fielt der neat foar fan alle kanten ôfstân te nimmen fan it belied fan it kolleezje en de ried fanof april lêstlyn. Ek as de oplossing langer op him wachtsje lit jout dat gj in pas Hy sil no oanjaan wat der de léste trije wiken bart is. Op 30 desim- ber binne de partijen op útnoeging fan de hear Van der Baan byelkoar west. Dér waard besletten dat der ynformeel oerlis mei de boargemas ter plakfine moast en dat de parse net ynformearre wurde soe. Moandei woene de P.v.d.A. en oaren allinne mar mei de boargemaster prate en net mei it kolleezje. It petear gie net troch. It kolleezje fûn it nedich de kolleezjepartijen útlis te jaan oer de f 50.000,00 skea- klaim. De P.v.d.A. hie dér gjin ferlet fan. Syn fraksje fün it frjemd dat de fraksje fan de P.v.d.A. net iepen en earlik oer dizze saak prate woe. Ferline wike tongersdei kaam it berjocht dat de P.v.d.A. ree wie om te praten. Wat die bliken: men wie net ree om te praten mar lei de oaren in tal stellingen foar, dy't ünderskreaun wurde moasten sadat de fraksje fan de P.v.d.A. dêrmei nei har achterban op de ledegearkomste fan 11 jannewaris koe. De stellingen weken finaal óf fan it oant dan ta fierde kolleezjebelied. Neffens syn fraksje wie de oplossing doe fierder fuort as ea. Wethâlder De Boer stie folslem achter dy stellingen. Doe is sein dat it goed wie dat wethâlder De Boer in oar stânpunt yn nimme soe. Dat koe net. Doe bruts der by syn fraksje wat. Der waard ôfpraten net nei de parse te gean. Syn fraksje en dy fan D66 hawwe doe de fraksjes fan Gemeentebe- langen en F.N.P. frege wat sy fan'e sjochwize fan de P.v.d.A. fûnen. NOT12JAN95/0/H/WESTERHR/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 15