- 12 - Neidat der sneon wer in stik yn'e krante stie is de V.V.D. ek yn- ljochte om te foaren te kommen dat it ütstel fan de P.v.d.A. oannom- men wurde soe. Moandei wie der wer in kolleezjegearkomste en wet- hâlder De Boer is nei oerlis wer achter it kolleezj ebelied stean gien. Ta syn fernuvering die tiisdei bliken, neidat De Boer it wer net mei it kolleezje iens wie, dat der in ferklearring komme moast dêr't sy mei nei bûten woe. Dy ferklearring hie sy yn konsept by har en dêr koe oer praten wurde. Om 8.45 oere en om 10.00 oere waarden D66 en C.D.A. troch de parse konfrontearre mei in ferklearring fan de P.v.d.A. dat der in breuk yn it kolleezje siet mei dêrby de bekinde ferklearring. Dit wie foar syn wethâlder en dy fan D66 in stap te fier; it betrouwen yn De Boer waard opsein. Syn fraksje fynt dat jo as ferantwurdlike bestjoerders sa út noch yn net mei persoanen en mei de belangen fan dizze gemeente omgean kinne. Hy fynt dan ek dat it zigzagbelied fan wethâlder De Boer ûnferant- wurde en ünakseptabel is. Tiisdeitejün is de P.v.d.A. frege in oare wethâlder te leverjen. Dêr hat hy noch gjin persoanlik antwurd op krigen. Neffens de krante wol men dat net, mar wa sil't sizze. Is dit miskien de nije manier fan kommunisearjen fan de P.v.d.A.? De grutte problemen fan üs gemeente kinne allinne oplost wurde troch in kollegiaal kolleezje dat mei de ried op in iepen en folslein betroubere wize operearret. De hear Van der Baan seit dat fraksje wol mei de iepening fan saken ynnommen is. Mei de ferklearring fan de kant fan it kolleezje is foar elkenien dúdlik en helder hoe't it ferrin fan saken west hat. Oan'e oare kant is hy o sa fertrietlik dat de toansetting sadanich is dat der op dizze wize eins net trochgien wurde kin. De saak tilt fier boppe it belang fan in pear partijen út en fier boppe it belang fan in pear minsken. It giet hjir om it belang fan ús gemeente om de saak op in rychje te krijen sa't dat ôfpraat is oan it begj in fan de riedsperioade. We soene elkoar by de hân hâlde en yn harmony de krekte oplossing sykje. Dan is it fan it grutste belang dat elk syn persoanlike as partijpolitike miening somtiden oanpasse as op side sette moat. It gehiel ferwurdt no ta in folie slimmere sitewaasje, nammentlik dat der politike spultsjes spile wurde. En dat moat no krekt net. Hy docht op alle partijen in berop dêr net mei fierder te gean. We moatte werom nei de begjinsitewaasje. Hy tinkt dat it hiel ferstannich is net fierder te gean mei it útraffeljen fan alle skeel. Mar nim in ôfkuollingsperioade. Hy soe it bûtengewoan spitich fine dat de saak jûn útelkoar klapt. Yn dat gefal leit in goede politike oplossing ek net foar de hân en dan binne we fierder fan hûs as ea. It giet no net om it gelyk as ûngelyk want yn in skeel hat elk ûngelyk. Der is mar ien gelyk en dat is it gelyk fan Boarnsterhim. Alle riedsleden moatte skerp yn't each hawwe dat Boarnsterhim yn'e léste 10 jier stadichoan ôfgliden is. Sawol bestjoerlik as amtlik- organisatoarysk leit de saak net goed en der moat in grutte ynspan- ning komme om dat wer klear te krijen. Hy hat net it idee dat it de kommende 4 jier wer foarelkoar komt. Op dit stuit wol hy him fierder net ynbite yn it partijpolitike skeel mar hy docht op elk in appèl te besluten ta in ôfkuollingsperioade sadat men elkoar de hân wer jaan kin om sa Boarnsterhim nei de takomst te lieden. De heer Jonkers zegt: "We hebben van de collegeleden een feitelijke en zakelijke opsomming gekregen van de zaken die hebben gespeeld in de Groundaemkwestie. Wij denken dat dit een goede zaak is. Een Groun- daemkwestie die ons als een loden last om de nek hangt. N0T12JAN95/0 H/WESTERHR 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 16