- 2 - 3Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat de hear Jonkers net oanwêzich wêze kin. Nummer 1 t: De hear Oosterhof freget hoe't de diskusje oer de ûntslutingswei achter it Heechein lâns ôfrûn is. Mefrou Veldstra freget oft it werynrjochtingsplan al klear is. Se is benijd oft it koleezje dêr dan fan ôfweken is. Wethâlder De Boer seit dat der yn 1990 al in beslüt nommen is dat it net nedich is in ûntslutingswei te meitsjen. Der binne al mear hoekjes grün ferkocht. Nummer 2 De hear De Jager seit dat it âld papier opheljen foar de ferie- nings in moaie ynstruier is. Hy giet der foar yn'e pleit in strukturele regeling mei in garandearre priis te treffen. De foarsitter seit dat oer dizze suggestje yn'e ôfdieling praten wurde sil. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4Voorstel tot het vaststellen van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de gemeenteraad en het reglement voor de verga deringen van de raadscommissies. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de reglemin- ten. Syn fraksje is bliid dat der ôfsjoen is fan it ynstellen fan in seniorenkonvent. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it reglemint. Syn fraksje hat der op oantrune dat it mooglik wêze soe dat der in foarsitter út it midden fan de riedsleden beneamd wurde kin. Hy wol graach ôfprate yn de rin fan de perioade te besjen oft dy switch makke wurde kin. Mefrou De Vries seit dat har fraksje him fine kin yn de reglemin- ten. It giet hjir om de formele kant fan de saak. Mei wizigingen fan de oantekeningen wurdt yn de praktyk oars omgien dan dat yn it reglemint stiet. Sy soe graach dat wol sa hâlde wolle. Har fraksje is it der mei iens dat de portefúljehâlders foarsitter fan de kommisje binne. Yn de rin fan de perioade kin besjoen wurde hoe't him dat ûntjout. Dat jildt ek foar it beneamen fan net-riedsleden yn de kommisje. Se freget hoe't der mei it ynsjen fan de stikken omgien wurdt en dan tsjut sy benammen op de ynwenners fan de gemeente. De foarsitter seit dat it kolleezje bliid is mei de reaksjes út de ried wei. It liket him goed, en dat is in tasizzing oan de hear Van den Berg, om oer 2 jier ris te evaluearjen hoe't it mei it reglemint giet en hoe't it tapast wurdt. Hy seit ek ta dat- j inge wat no noch iepenbleaun is te aktualisearjen. Mei de wizigingen fan de oantekeningen sil fansels praktysk omgien wurde. It op besjen lizzen fan'e stikken foar it publyk is prak- tyskromtlik) in probleem. It kolleezje wol dat it publyk alle gelegenheid krijt de iepenbiere stikken yn te sjen. Yn de noty- sje oer it kommunikaasjebelied sil dêr omtinken oan jûn wurde. NOT24JAN.95/0/H/HAINJEA/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 22