- 4 - Har fraksje freget him ek óf hokfoar wearde dit ütstel eins hat sjoen allerhânne ûntwikkelings dy't der binne. Yn hoefiere kinne dy nije ûntwikkelingen noch in rol spylje yn dit folkshüsfes- tingsplan. Har fraksje fynt dat der yn alle doarpen mooglikheden ta bouwen wêze moatte. Grünferkeapen moatte safolle mooglik yn eigen hânnen hâlden wurde. Boarnsterhim moat net te hurd groeie wolle. In natuerlike groei fan alle doarpen is hiel wichtich. Betelbere seniorenwenten hawwe neffens har fraksje in grutte prioriteit De hear Van den Berg seit dat syn fraksje him fine kin yn de streefsifersDêrmei lûkt de gemeente Boarnsterhim wol in grutte broek oan, sjoen it ferline doe't de omstannichheden makke hawwe dat de streefsifers net helle waarden. Syn fraksje sit dêrom te wachtsjen op de útfieringsprogramma'sOp hokker termyn komme dy? Net allinne it tal wenten is wichtich. It wenklimaat is like wichtich. It moat goede wenjen, wurkjen en rekreearjen wêze yn Boarnsterhim! De hear Oosterhof seit dat syn fraksje bliid is mei dizze no ta's. In goede planning is fan grut belang. De heechst mooglike streefsifers moatte oanhâlden wurde. Ek finansjeel is dat goed foar de gemeente. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ynstimt mei it folkshüsfes- tingsplan en wat dêr oan fêsthinget. It oerlis tusken âlderein, wentebouferiening en de gemeente is in goede saak west. It ferlet fan wenten bliuwt in spul fan oannames dy't samar wer feroarje kinne. Der leit no in goed plan, dêr't nei syn betinken it tal te bouwen wenten wat tefolle omtinken krigen hat. Syn fraksje fynt dat er romte wêze moat foar de lytsere doarpen en de lytse beurzen. Ferjit net it plan by de tiid te hélden. Wethâlder De Boer is wiis mei de ynstimming fan de ried. It is yndied sa dat it tal wenten in protte omtinken krijt. Dat is wol wat spitich omt it benammen giet om wat foar huzen foar hokker segminten der boud wurde kinne en it wentebehear. De senioren wenten wurde seker net fergetten. Yn de ferdieling krije Akkrum en Grou mear wenten dan de oare doarpen mar der is seker romte foar útwreiding yn alle doarpen. Ynkoarten komt de struktuerfisy foar de Legeaen. De planning fan'e útwreidingsplannen komt ek ynkoarten oan'e oarder. Ferline jier binne der 100 wenten yn ús gemeente boud. Omt it flot yn'e ried moast is der net in wiid- weidich ütstel. Fansels is alle ynformaasje wol te krijen. It wenklimaat is tige wichtich. Der moat dan ek soarge wurde foar kwalitatyf goede wenwiken. Ek is it wichtich dat minsken tichtby harren wurk wenje kinne. Dat is ek in lânlik stribjen. Ek it provinsjaal belied jout dêr wol romte foar yn dy gefallen mear wenten bouwe te kinne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 7. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbes luit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimteliike Ordening. Mefrou Veldstra seit dat de eigener 2 jier lyn akkoart gien is mei de bedriuwsbeëiniging. Se freget oft de jilden dy't dêrfoar beskikber steld binne ek brükt binne. Neffens har binne de auto- bannen ek net opromme mar allinne mar op in oar plak lein. Wie dat de ófspraak? N0T24JAN.95/0/H/HAINJEA/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 24