Op 24 febrwaris 1994 hat de strafrjochter ütspraak dien. De rjochter hat sein dat der bewezen is dat der opset yn it spul west hat en dat der sprake is fan feitlik lieding jaan oan it baggerjen fan de Groun- daem. De rjochter leit oan de 3 minsken ferskillende straffen op. It OM en de 2 amtners hawwe heger berop oantekene. It giet de gemeente foaral om de amtenaren-rjochtelike sitewaasje dêr't de gemeente wol partij is as wurkjouwer. It kolleezje sprekt op 4 juny 1993 it foarnimmen út de beide amtners te skorsen. De beide amtners hawwe oan de bestjoersrjochter (de eardere amtenarenrjochter) op 31 july 1993 frege om dat beslút te skorsen. Yn formele termen betsjut dat dat der om foarsjenning frege wurdt. De bestjoersrjochter oardielet op 13 augustus 1993 dat der gjin termen oanwêzich binne om de skorsing op te heffen. Dan bliuwt it in tiid stil omt de strafsaak spilet. It kolleezje praat wol mei fertsjintwurdigers fan de ried en yn it kolleezje is ek praten oer de fraach wannear't de wurkjouwer syn eigen ferantwurdlikheid ynfolle moat. De strafsaken de amtenaren- rjochtelike sitewaasje binne twa ferskillende saken. Op 26 april 1994 komt der in beslút fan it kolleezje ta it earfol dienjaan fan de bei de amtners. De amtners fregen wer foarsjenning oan, skorsing fan it ûntslachbeslút. Op 20 juny 1994 wurdt dat ûntslachbeslút troch de Ljouwerter bestjoersrjochter skorst. Op 8 septimber 1994 docht de Ljouwerter bestjoersrjochter útspraak yn de haadsaak. Hy seit dan dat de beroppen fan de beide amtners grûne binne. De bestjoersrjochter komt ta it oardiel dat der gjin opset yn it spul is, wol "nalatig heid". In disciplinêre straf is op syn plak, seit de rjochter mar de amtners mei net dienjün wurde. Op 13 septimber 1994 beslút it kol leezje oerlis te iepenjen oer in minnelike regeling. Dus moatte par tijen it oer de regeling iens wêze. Der komme ek sinjalen út de ried wei dat der mei de amtners praten wurde kin. Op 28 septimber 1994 fynt der in oerlis plak tusken partijen en it kolleezje fertsjintwur- dige troch de wethâlders De Boer en Van den Berg. De amtners wiene dêrby útnoege mar bleaunen fuort. Dochs ûntstiet der oerlis op it nivo fan de raadslieden en der komt in briefwikseling op gong. It kolleezje docht dêrop op 12 oktober 1994 in fiergeand bod op papier. Foar amtner A is praten oer it earder úttreden, beheining fan salaris- reduksje ta 15 en de fraach dat de beroppen ynlutsen wurde moatte soene. By amtner B is oer wachtjild, in koopsompolis, pensioenskea en it net ferheljen fan skea praten. De partijen seine dêr net direkt ja tsjin. Dan komme der koart achterelkoar brieven (20, 24 en 25 okto ber) Op dy léste datum brekt it of. It kolleezje hat geandewei de proseduere ek om foarsjenning frege. It kolleezje is doe nei de Cen trale Raad van Beroep gien. De foarsjenning is op 24 novimber 1994 ôfwezen. Op 7 novimber is dêr in telefoanyske meidieling oer west. Op 11 novimber is ôfpraat dat wannear't it berop by de Centrale Raad van Beroep ôfwezen wurde soe der dan stoppe wurde soe mei de boaiemprose- duere. Fan dat momint ôf ûntstiet der eins in twa-spoarentrajekt mei in ynformeel trajekt sûnder raadslieden en in wat mear formeel trajekt. Der is op 2 desimber oan de amtners meidield dat de boaiem- proseduere stopt is. It giet der no om yn goed oerlis in oplossing ta stân te bringen en dat fait net ta omt der partijen meielkoar prate moatte dy't it net meielkoar fine kinne. Op 2 desimber skriuwt it kolleezje in brief oan ien amtner dêr't in funksje yn oanbean wurdt en dêr't it skeaferhaal yn stiet. Ek wurdt it skikkingsútstel fan oktober yn it tinken werombrocht. It kolleezje hat yn dat brief skreaun oer al dizze stikken prate te wollen. Sa is de sitewaasje fan dit momint. NOT12JAN950HWESTERHR2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6