- 9 -
Sy fynt it in goede saak dat de gemeente f 1,00 de ynwenner
jout. Se is der dan ek wiis mei dat by de begruttingsgearkomste
de post ûnfoarsjoen ophege is, krekt foar ditsoarte fan útsûnder-
like sitewaasjes.
De hear Postma fynt dat de befolking fan Boarnsterhim in grut
komplimint fertsjinnet foar de grutte ynset foar dizze aksje. Hy
konstatearret dat de aks je in grut sukses wurden is. Hy hat wol
fragen oer de rol fan de gemeente yn ditsoarte fan aksjes. Sjoen
de grutte sanearing yn de wolwêzenssektor en de minne finansjele
posysje fan de gemeente moat der hiel goed in ôfwaging makke
wurde oan de hân fan in tal beliedsútgongspunten.
De foarsitter seit dat it kolleezje him oanslút by de komplimin-
ten dy't de ried makke oangeande alle minsken dy't tige aktyf
west hawwe foar dizze aksje. It kolleezje hat sein, op in fraach
fan it aksjekomité, in bydrage te jaan. Dat hat te krijen mei de
solidariteit mei it rivierengebiet. It is boppedat goed dat de
gemeente witte lit dizze aksje te stypjen. f 1,00 de ynwenner is
in protte jild mar it jout wol utering oan de gefoelens fan soli
dariteit. Hy fynt it tige oandwaanlik dat guon riedsleden de
warskôging om goed op de sinten te passen sa goed oppakt hawwe
dat se seis dit útstel net folgje wolle. Nettsjinsteande dat
ropt hy dochs de ried op dizze aksje te stypjen en in rojaal
bedrach te jaan yn dizze tige útsûnderlike sitewaasje.
Mevrouw Aukes zegt dat voor haar fractie de vraag is waar de
grens van de gemeentelijke steun aan deze aktie is. Je kunt in
derdaad de menselijke gevoelens de overhand laten krijgen, zoals
het college kennelijk doet. De raad zal echter aan de huishoude
lijke portemonnaie moeten denken. Gelukkig hebben de eigen inwo
ners gedaan wat ze konden en is het rivierengebied goed bedacht.
In de gemeentelijke organisatie ligt dat anders, er is en zal
vaak nee moeten worden gezegd. Vorig jaar heeft de huidige
C.D.A.-wethouder bij een dergelijk verzoek gezegd dat het geven
van geld voor deze wateroverlast een eigen verantwoordelijkheid
is van de inwoners van onze gemeente. Het college kwam toen niet
met een voorstel een bijdrage beschikbaar te stellen.
De hear Van der Baan seit dat de ferantwurdlikheid foar dizze
needsitewaasje leit by it ryksregear. Der is yn dit stik fan
saken gjin taak foar de gemeente weilein. De bewenners fan
Boarnsterhim en de rest fan it lân hawwe begrepen dat der holpen
wurde moast. Der is mei rojale hân jild jûn en help bean. Dêr-
neist sjit de gemeente tekoart tsjin de eigen ynwenners oer dy't
alle dagen yn need sitte. Dan is it wol tige bitter dat de ge
meente samar f 18.000,00 jout foar de aksje. Hy freget it kol
leezje tenei yn sokke sitewaasjes earst te oerlizzen mei de
fraksjes foardat it kolleezje mei sa'n útstel komt.
De hear Van de Berg seit dat syn fraksje muoite hat mei de
bydrage fan de fraksjes fan de V.V.D. en de F.N.P. Om no de
grutte fan de gemeentlike beurs altiten bepale te litten wat der
útjûn wurde kin giet him te fier. Om de gemeentlike bydrage oan
dizze aksjes beheind te litten ta f 4.000,00 hat hy grutte
muoite mei, benammen omt it de minsken mei de lytse beurs binne
dy't it gauste klear steane om jild te jaan. Hy tinkt dat dy
minsken it hielendal iens binne mei it útstel. Oare sinjalen
hawwe him yn elts gefal net berikt.
LBBR.N0T/0/H/B0ERSMAL/9