- 2 - Nummer 7 Wethouder Smittenberg zegt aan mevrouw Veldstra toe dat deze brief in de afdeling WWM zal worden behandeld. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat de gearkomste fan de ried fan 13 juny 1995 hâlden wurde sil op tongersdei 15 juny 1995. Ynterpellaasje: De hear Van der Baan seit dat de ynterpellaasje giet oer in skriuwen dat syn fraksje begjin oktober 1994 oan it kolleezje rjochte hat oer it ferwurkjen fan smoargens op de Blikpôle. Dêryn waarden 4 fragen steld: Is it kolleezje bekind mei it feit dat fan oare gemeenten út wei frachten mei ôffal nei de Blikpôle riden wurde? Hat it kolleezje der weet fan hoe faak soks bart en hoefolle ekstra kosten dit stoarten foar de eigen ynwenners fan Boarnsterhim mei him meibringt? Is it kolleezje mei syn fraksje fan betinken dat it stoarten fan út oare gemeenten wei oan ban nen lein wurde moat en dat de net-ynwenners meibetelje moatte oan'e stoartkosten? As it kolleezje dizze miening dielt, hokker maatregels sille dan nommen wurde? Der wurdt in termyn fan 30 dagen neamd dêr't it brief yn behannele wurde moat. Alles wat kaam, der kaam gjin andert. Hy hat by de foarsitter ynformearre en letter op 23 desimber in brief skreaun mei de fraach wêrom der gjin andert kaam. Dizze leste brief is wol troch it kol leezje beandere. It kolleezje skriuwt dat de hear Van der Baan folslein gelyk hat as hy seit dat de beandering fan de skrift- like fragen yn striid mei it reglemint fan oarder net binnen de stelde termyn plakfûn hat. It kolleezje biedt syn ekskuses oan. Der binne, sa skriuwt it kolleezje, yntusken maatregels troffen om de stelde terminen better yn'e gaten te hâlden. Der sil noed foar stien wurde dat de fragen sa gau as mooglik beandere wurde. It fernuvert syn fraksje dan ek hiel bot dat der noch gjin andert kaam is. Benammen ek omt hy de wethâlder frege hat hjir omtinken oan te jaan. Hy freget wer't it andert bliuwt en as dat net komme kin wol hy witte wêrom net. Syn fraksje fynt it in hiel minne saak dat de terminen sa oerskreden wurde. Wethouder Smittenberg zegt dat er inmiddels wel een bewakings systeem voor de afdoening van brieven is gekomen. Kennelijk zit de brief van vorig jaar daar niet in. De vragen zijn inderdaad te lang blijven liggen, waarvoor het college zijn excuses aan biedt. Het was mogelijk geweest de vragen met een simpel ja of nee te beantwoorden, maar het college heeft daar niet voor geko zen. Het was nodig alvorens een goed antwoord te kunnen geven enkele zaken nader te onderzoeken. Een antwoord was derhalve niet eenvoudig voorhanden. Daardoor is de beantwoording langer blijven liggen dan de bedoeling was. Er was tenslotte een ont- werp-brief maar die moest nog in het Fries vertaald worden. In de komende afdeling wil hij verder ingaan op de vragen en de antwoorden. De hear Van der Baan fynt it wol opfallend dat it brief fan 3 jannewaris 1995 kenlik ek net yn it systeem opnommen is. De termyn om fragen te beanderjen is 30 dagen en hy ferwachtet dan ek binnen 30 dagen in antwurd. As in folslein andert net mooglik is dan ferwachtet hy op syn minst in reaksje fan it kolleezje dat der mear tiid nedich is om de fragen te beanderjen. LBBRNOT/0/H/BOERSMAL/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 3