- 7 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje him al in moai ein fine kin yn wat de hear Oosterhof sein hat. Weidenaar hat yn 1988 de grûn kocht en in bouplicht oplein krigen fan 2 jier. De hear Weidenaar foldocht net oan syn ferplichtings mar hâldt wol de grûn. Yn de keapakte stiet ek dat de gemeente binnen in termyn fan 5 jier de grûn weromkeapje kinne soe foar itselde bedrach as dat it ferkocht is. Ta syn fernuvering set it kol- leezje foar elts jier dat Weidenaar de grûn yn syn besit hat der in rinte fan 8 persint op. Sjoen de keapakte doocht dizze trans aks je absolüt net. Hy freget it kolleezje dêrom it ütstel werom te nimmen. Hy fynt ek dat in ûndernimmer syn eigen risiko nimme moat. De heer Jonkers zegt dat ook zijn fractie bevreemd is over deze transactie. Bij het niet nakomen van de bouwplicht hoort de grond voor hetzelfde bedrag weer aan de gemeente te vervallen. Waarom moest het college hier een stap verder doen? Hij vraagt welk gedeelte er vrijwel zeker doorverkocht zal worden. Is daar mee de f 239.000,00 afgedekt? Wethâlder De Boer seit dat it behâld fan de wurkgelegenheid foar Aldeboarn de ynstek fan dit ütstel is. De grûn is ferkocht yn 1988 en de bouplicht is net neikommen. De gemeente hat om al- lerhanne reden net achter de hear Weidenaar oanwest. De termyn fan weromkeap fan 5 jier is ferrûn en dêrtroch üntstiet in nije sitewaasje. Troch de ûnderhanneling mei de hear Weidenaar is besocht in goede oplossing te finen. Der binne 2 kandidaat- keapers en noch in pear oare bedriuwen dy't ynteresse hawwe. De eksploitaasje sil sa wêze dat der gjin jild fan út de algemiene middels wei hinne moat. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje graach in wersjoene eksploitaasje hawwe foardat hy ynstimme kin. As seker is dat de grûn gau trochferkocht wurde kin soe hy lykwols ek akkoart gean kinne. De hear Van der Baan hat sterk de yndruk dat de gemeente foar de kroade riden wurdt. Op 30 desimber 1994 is de termyn fan werom keap ferstreken. It is dan wol opfallend dat der op 3 febrewaris in brief komt. It kin net dat de gemeente him sa yn de fal lokje lit. De man hat 5 jier lang gjin rjocht op rinte hân. Hy kin him net foarstelle dat no de grün weromgiet we wol ferplicht binne rinte te beteljen. Dat is in tige ünbefredigjende sitewaasje. Hy fynt dat dizze sitewaasje op syn juridyske kanten besjoen wurde moat. De hear Van den Berg trunet der op oan dat makke ôfspraken neikommen wurde. Der moat gjin sitewaasje ûntstean wêrby de minsken de yndruk krije dat it mei opset sin sa run is. De ge meente is yn dizzen merkpartij en moat ek goed besjen oft hy net beneidield wurdt. Wethâlder De Boer seit dat der in tasizzing is foar in part fan it terrein. Oer de rest wurdt ûnderhannele. Der koe op sa koarte termyn troch it grûnbedriuw gjin nije eksploitaasje-opset levere wurde al hie dat wol better west. It ütstel hat haast omt it bedriuw dêr't mei ünderhannele wurdt op koarte termyn ütslütsel hawwe wol. Se is it net mei de hear Van der Baan iens dat de gemeente foar de kroade riden is. Neffens har is de perioade langer ferrün dan dat de hear Van der Baan neamde. LBBRNOT/0/H/B0ERSMAL/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 8