- 9 - De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje him oanslüt by de wurden fan mefrou De Vries. Hy fynt it spitich dat guon rieds- leden it ütstel fan it kolleezje besykje lek te sjitten. Alle begjin in dreech. Ek hy fynt dat yn 'e takomst saken better ütwurke wurde moatte. De iennichste wize om it rioel te ferfan- gen is in ferheging fan de rioelheffing as in oare prioriteit falie litte. De brêge oer it Langdeel is in tige wichtich part fan de farwei fan Ljouwert nei Akkrum. Syn fraksje giet akkoart mei it bestimmen fan in part fan it CAI-jild foar dizze brêge. Hy fynt net dat der besunige wurde moat op de wegen yn ús gemeen te. Mei de tasizzing oangeande de doarpsfernijing Akkrum is syn fraksje tige wiis. De heer Jonkers zegt dat er een blijvend verschil van inzicht is tussen het college en zijn fractie inzake de volgorde van bepaal de zaken. Hij vindt dat visie het instrument is waarop een be leidskeuze is gebaseerd. Daarna wordt er een financiële verta ling gemaakt rekening houdend met de financiële ruimte die er is. Zijn fractie wil het meerjareninvesteringsplan best beschou wen als leidraad voor de komende jaren en is bereid onder voorbe houd in te stemmen met dit plan. Over definitieve kredietaanvra gen verwacht zijn fractie via afzonderlijke raadsvoorstellen te kunnen beslissen. De hear Van der Baan seit dat oan syn basisgedachte fan it net ferheegjen fan de belestings net foldien is. As der kalamiteiten ûntsteane dan sil der oare ôfwagings makkewurde moatte. Syn fraksje fynt it te gek dat der fytspaden as landingsbanen makke wurde. Moat soks prioriteit hawwe? Hy fynt fan net. Syn fraksje fynt dat der in oare yntegrale ôfwaging makke wurde moat en sil net ynstimme mei dit mearjierre-ynvestearingsplan. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje ynstimme kin mei dit mearjierre-ynvestearingsplan. Spitigernôch sit der gjin nij belied yn. It is in earste oanset en hat noch allegear lekken en brekken, mar we sille hjir dochs mei üteinsette moatte. In definitive kar sil ek pas makke wurde by de kredytútstellen. Mefrou Santema soe it tige spitich fine as de brêge yn Wergea net draaien bliuwe soe. Yn in toeristyske gemeente as uzes kin it net sa wêze dat de brêge, en wis net dy fan Wergea, net draait. De foarsitter seit dat ek it kolleezje wol dat de Wergeaster brêge draaien bliuwt. It kolleezje hat al alle einen en kanten tajûn dat it mearjierre-ynvestearingsplan better en moaier kin. Mar it kin ek te gek fansels. De ried sil hoe dan ek in kar meitsje moatte en fuortkrüpe is ûnmooglik. Sprieding fan it wurk oan'e riolearing liket it kolleezje gjin goede saak ta en it oantaasten fan'e fermogensposysje fan 'e gemeente is ek net ferstannich. It kolleezje tinkt dat it hiel goed mooglik is CAI- jild foar de brêge oer it Langdeel te bestimmen. Hy stelt de ried út de finansiering fan de brêge nochris wiidweidich yn'e kommisje te behanneljen. It kolleezje hat gjin dogma's wat it opheljen fan 'e smoargens oanbelanget. In goede ôfwaging yn 'e foarm fan in kosten-batenanalyse, alle opsjes dêryn behelle, sil yn dizze bestjoerlike perioade oan'e oarder komme. Hy merkt noch op dat it opheljen fan ôffal yn ús gemeente relatyf goedkeap útfierd wurdt. N0T1104/0/H/BROUWERJ9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 10