- 14 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje him net foarstelle kin dat Goattum foar 6 ton opknapt wurdt. Der komt hast gjin ferkear lâns en de dyk is perfoarst net poermin te neamen. De Sodumerdyk is al hielendal beton. Wêrom moat dat no oerdien wurde. Syn fraksje kin net ynstimme mei it ütstel oangeande dizze twa diken. Mefrou Santema freget by it asfaltearjen fan de dyk Fonejacht/- Warten fuortendaliks de oare yndieling fan de dyk (mei in fytss- trook) mei te nimmen. De hear Roorda seit dat de betondiken dy't ferline jier oanlein binne der goed útsjogge. Hy freget by dit ütstel omtinken foar in goede weimarkearing. It stik Sodumerdyk tsjin Nes oan dêr't dit ütstel oergiet sjocht der, oars as de hear Van der Baan seit, wol poermin üt. De foarsitter seit dat de weimarkearing en de Wjitteringswei noch de kommisje oan 'e oarder komme kin. De hear Roorda hat mei syn beskriuwing fan it stik Sodumerdyk by Nes folslein gelyk. Nettsjinsteande der net folie ferkear oer de Goatumerdyk komt is it in iepenbiere wei en dêr is de gemeente likegoed ferantwurd- lik foar. De fraach is üteinlik wat der oan de diken dien wurde moat sadat we yn 'e takomst fan it ûnderhâld ôf binne. De oare yndieling fan de dyk Fonejacht/Warten wurdt meinommen yn it wurk. Mefrou Santema freget hoe't it krekt mei de iepenbiere oanbeste- ging yn dit wurk sit. De hear Van der Baan freget oft de omskriuwing yn it beslüt wol foldwaande is. Moat it net wat wiidweidiger en neam krekt alle diken dy't oan bar komme. Syn fraksje kin him net fine yn it opknappen fan de Goattumerdyk. De foarsiter is it der mei iens dat it beslüt net folslein en net düdlik is. Der binne optheden noch gjin goede rjochtlinen foar de ferskate oanbestegings. Foar dit jier sil de line fan foarich jier oanhâlden wurde. It kolleezje sil noch mei de beliedsütgongspunten foar oanbestegingen nei de ried ta komme. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wordt geacht tegen het onderdeel Goattum te hebben gestemd. 14Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de herinrichting van de Leeuwarderweg/Kerkbuurt te Wergea, inclu sief het vervangen van de riolering. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje wol ynstimme kin mei dizze oare oanpak. Nei ôfrin wol hy graach in evaluaasje. Mefrou Santema seit dat har fraksje akkoart giet mei de foar- stiene oanpak. Ek har fraksje stiet oan op in evaluaasje. Se freget ek by dit ütstel oft der in iepenbiere oanbesteging komt. As de Drachtsterdyk ticht giet sil der wol in goede oplossing komme moatte omt oars alle ferkear troch Wergea giet. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it kolleezje warskôgje wol foar dizze wize fan ynkeapjen. De praktyk wiist üt dat dat de ferkearde wei is. Boppedat sil it nochal in tal amtlike oeren kostje. N0T1104/0/H/BROUWERJ/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 15