- 6 - Ook is aandacht gevraagd voor het hoge ziekteverzuim en de hoge wachtgeldverplichting. Zijn fractie wil graag inzicht in de ont wikkelingen in dezen. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net ynstimme kin mei dit mearjierre-ynvestearingsplan fanwegen de konsekwinsjes dy 't dat hawwe sille foar benammen de ferheging fan de rioelheffing. As de rioelheffing dochs, yn tsjinstriid mei eardere ütspraken, omheech moatte soe dan heart dat in beliedsútgongspunt te wêzen. Dan sil der ek in folslein oar mearjierre-ynvestearingsplan komme dan wat no foarleit. Syn fraksje hat deselde beswieren as de fraksje fan Gemeentebelangen. Hy tinkt dat der yn it plan genôch mooglikheden binne om óf te wagen wêr't de prioriteiten lizze. In oare wei om de riolearingen oan te pakken soe wêze kinne dat der snijt wurde moat yn de oanpak fan de wegen. Nef- fens him is de folchoarder fan de oanpak fan de wegen folslein eigenwillich. Hy is fan betinken dat "dit kladsje" (it mear- jierre-ynvestearingsplan) net goed ûnderboud is. Syn fraksje fynt it fan grut belang dat der in wiidweidige taljochting op it plan by it riedsütstel komme moat mei it wêrom fan de prioritei ten dy't steld wurde. Syn fraksje giet dan no ek net akkoart mei dit plan. De hear De Jager seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de grutte linen en de ynhâld fan it plan. Der binne ek teloarstellingen te ferwachtsjen. Dan kin de konklüzje wêze dat de f 150.000,00 foar nij belied mar tige beheind is. Dizze konstatearing sil liede moatte ta in noch suniger belied. Mei it jmvestearingsprogramma foar 1995 kin syn fraksje jmstimme. Sjm fraksje wol dochs efkes stilstean by in tal saken. As earste de brêge jm Warten. Hy is bliid dat dizze brêge jm takt bliuwe kin en dat de brêge oer it Langdeel as PM-post opnommen is. De post stimkompjoeters soe hy sjoen it boppeneamde wol óf fiere wolle. Hy mist jm it ústel de doarpsfernijing Akkrum. Sjm fraksje stelt út dat as PM-post op te nimmen. De hear Van den Berg seit dat sjm fraksje bliid is mei dit mearj ierre-jmvestearingsplan, dat in ynstrumint wêze kin foar de ried om beliedsmjittich in bettere kar meitsje te kinnen. Sjm fraksje stiet dizze wize fan wurkjen foar. Hy sjocht dit plan as in earste stap op wei nei. It produkt is noch net folslein. It jout yn sjm eagen gjin pas om oer "kladsjes" te praten. Yn it plan binne nochal wat bedragen opnommen dy't nedich binne om earder nommen besluten te korrizjeren. Dy hiene der eins net jmsitte moatte; it hiene nije saken wêze moatten. Dochs sille we foarüt moatte. Saken dy't perfoarst barre moatte sille oanpakt wurde moatte. De kar foar de ried is dus ek net sa grut. Der ûntbrekke lykwols in pear punten sa as it fytspaad Grou-Warten en de werjmrjochting fan it sintrum fan Akkrum. Hy freget it kolleezje tenei in taljochting te jaan op it al as net opnimmen fan guon projekten. In tal saken binnen as PM-post opnommen. Ek dat oangeande hie hy graach in neiere taljochting sjoen. De foarnimmens dy't der binne gean de finansjele mooglikheden fan de gemeente fier te boppe. Der sille dus prioriteiten steld wurde moatte. Syn fraksje wachtet de neiere útstellen fan it kolleezje óf. Hy freget oft it kolleezje de mooglikheden fan it útsmarren fan de ferheging fan de rioelheffing nochris besjen wol. NOTl104/O/H/BROUWERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7