- 7 - De hear Oosterhof fynt dat de ried mei de rêch tsjin de muorre setten is. Dat fynt hy tige spitich. Mar syn fraksje fynt wol dat de akte passearre wurde moat. Mei it ôfsluten fan it kon- trakt meie der gjin nije kalamiteiten mear optrede. Dan hearre alle risiko's ôfdutsen te wezen. Hy freget wannear't it bestim- mingsplan klear is. In evaluaasje fynt hy net sa sinfol, omt eltse sitewaasje oars is en der op in bepaald momint gewoan hannele wurde moat. De hear Van der Meulen liket it in goede saak dat der in prose- duereboek opsetten wurdt. As it bestek goed west wie hie de kombinaasje PT94 tinkt hy sa'n 2,5 ton leger ynskreaun, dus de gemeente wie dochs it jild wol kwyt west. Mar yn dit gefal is de ried te let ynformearre en dat mei net wer foarkomme. De hear Van den Berg giet der foar yn'e pleit dat de prosessen ynsichtlik makke wurde en dat der op 'e tiid oer de fuortgong fan it projekt ynformaasje jûn wurdt. Utbesteegje kin mar de organisaasje moat der wol goed op tasnien wêze. Syn fraksje kin ynstimme mei it üstel. Mefrou De Vries seit dat har fraksje fielt dat der gjin alter- nativen binne en dat útstel allinne noch mar mear kostje sil. Om dy praktyske redenen giet har fraksje dan ek akkoart mei it ütstel. Sy giet der fan út dat de risiko's no yn it kontrakt goed ôfdutsen binne. Har fraksje fynt, hoe soer dat ek is, dat de gemeente hjir, sa as sa faak, wer fan leare moat. Sy wol dêr graach noch in kear omstannich yn de kommisje oer prate. De hear Van der Baan seit dat ditsoarte probleem spitigernôch yn Boarnsterhim net unyk is. It is him min nei't sin dat de gemeen te no wer yn'e problemen sit. Syn fraksje komt dan ek ta de kon- klúzje dat ús gemeente net by steat is soksoarte grutte projek- ten goed óf te hanneljen. Hy bynt it kolleezje op it hert tenei kalm oan te dwaan en besykje de saken yn'e hân te krijen en te hâlden. Dus foarearst gjin grutte projekten mear. Dat de grün yn ús gemeente min is is al hiel lang bekind. Dat der in belied foar hurdhout is is likegoed bekind. Hy hat it gefoel dat der no in ferkeard beslút nommen wurdt. De ried wurdt ûnder druk setten. Hy sjocht yn it gehiel dochs in iepen-einkonstruksje en dat makket him besoarge. Syn fraksje giet net akkoart mei de ferrek- kenposten en dus net mei it wizige útstel. Syn fraksje sil tenei as der útstellen op hiel koarte termyn foar de gearkomste komme dêr tsjin stimme omt hy fynt dat besluten goed ôfwûgen wurde moatte kinne. Wethâlder De Boer ferwachtet dat yn septimber/oktober it bestim- mingsplan fêststeld wêze kin. It kolleezje wist ek net earder dat der wizigingen plakfine moasten. Geandewei it wurk is dat pas dúdlik wurden. De ried moast dit fansels wol witte en dêrom is sa koart foar de gearkomste noch ynformaasje jûn. Foarüt- skowen fan it beslüt sil f 13.000,00 kostje. Wurdt der in beslút nommen op grün fan it oarspronklike ütstel dat sil dat f 40.000,00 kostje. Mochten der nei it ófsluten fan it kontrakt noch finansjele saken wizigje dan sil dat yn de kommisje WWM oan'e oarder komme. Se kin har yntinke dat der yn de kommisje praten wurdt oer hoe't de saken ynsichtliker makke wurde kinne. Mooglik ek kin it behelle wurde yn in wurkkonferinsje fan de ried. Der is al oerlis mei de buorgemeente It Hearrenfean om fan harren te learen. N0T2305/0/H/BR0UWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 10