- 8 - It kolleezje is net fan betinken dat Boarnsterhim gjin grutte projekten oankin. De foarsitter seit dat yn novimber 1994 by de behanneling fan de begrutting al sein is dat de ôfstimming fan bestjoer en amtlik apparaat de nedige tiid freget. Der binne yndied ferbetterings mooglik, sa kin jûn ek konstatearre wurde. It is in goede sug- gestje oer dy ferbetterings nochris meielkoar te praten. Hy stelt út ta stimming oer te gean. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje akkoart giet as it de gemeente net mear kostje sil. De hear Van der Baan stelt út it oarspronklike ústel yn stimming te bringen. Dus allinne de punten I en III. Wethâlder De Boer seit dat út finansjele oerwaging it net in goede saak is it ústel útelkoar te hel jen. Dat sil de gemeente nammentlik f 40.000,00 skele. De hear Van der Baan seit dat der op foarhân al fan út gongen wurdt dat we de 17% kwyt binne. It liket him ta dat yn de ûnder- hannelingen besocht wurde moat dat dy f 40.000,00 net foar ús rekken komt, mar foar rekken fan de oannimmers, dy't te let mei ynformaasje kommen binne. De hear Oosterhof tinkt dat it net slagje sil om dy ferrekken- posten net betel je te moatten. Hy wol wol graach gau witte hoe heech as dy bedragen krekt binne. De heer Jonkers ziet niet direct dat er extra b.t.w. betaald moet worden. Wethâlder De Boer seit dat it net sa is dat de oannimmers te let wiene. It giet der om dat it bestek net hielendal dúdlik wie en dat der gjin rekken hâlden is mei it belied oangeande it gebrûk fan hurdhout. Op de fraach fan de hear Jonkers kin sy sa direkt gjin antwurd jaan. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. As earste wurdt yn stimming brocht it amendemint fan de hear Van der Baan oer de ûntkeppeling fan it útstel. Na gehouden stemming blijkt dit amendement met 13 tegen 4 stem men te zijn verworpen. Voor hebben gestemd de leden Van der Baan, Veldstra, Postma en Jonkers. Vervolgens wordt er gestemd over het gewijzigde voorstel van het college. Dit voorstel wordt met 13 stemmen voor en 4 tegen aange nomen. Tegen hebben gestemd de leden Van der Baan, Veldstra, Jonkers en Postma. 10. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbes luit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Punt 2: De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der neigien wurde moat hoe't yn'e takomst mei ditsoarte fragen foar bygebou- wen yn it bûtengebiet omgien wurde moat. Mefrou Santema hat deselde opmerking. NOT2305/0/H/BR0UWERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 11