- 10 - De hear Van den Berg seit dat syn fraksje noch hyltiten twifel- riedich tsjin it útstel oer stiet. Hy is ek bang foar it fersko- wen fan it probleem nei de Oostergoostrjitte. Hy tinkt dat dizze léste strjitte eins ek noch kwetsberder is as de Stasjonswei. Hy wifelt ek noch oer it ústel omt noch net bekind is hoe't aanst de fer- kearsstruktuer fan Grou wurde sil. Hy freget dan ek wannear't it plan fan oanpak klear wêze sil ek oangeande de Oostergoostrj itte. Hoe tinkt it kolleezje it parkearen by grutte eveneminten aanst te regeljen? De hear Postma seit dat ek syn fraksje hiel wiifeljend stiet tsjin dit ütstel oer. Der wurdt al jierren yn Grou praten oer in ferkears- en parkearplan. By it realisearjen fan De Baai is as betingst opnommen dat der asfalt oer de Stasjonswei komme moatte soe. No wurdt der ien elemint üthelle sûnder dat bekind is wat de effekten fan dizze maatregel wêze sille op oare gebieten, sawol ferkears- as parkeartechnysk, yn Grou. Swart/wyt besjoen liket dit op symptoombestriding. Syn fraksje fynt dat dit ütstel yn it ramt fan it totale ferkears- en parkearbelied besjoen wurde moat en dat dat mei prioriteit dien wurde moat. Mevrouw Aukes zegt dat ook haar fractie dit voorstel kritisch heeft bekeken. Zij mist in het voorstel de motivatie van het college voor de keuze van inrichten Een toelichting op de sa menhang met historie en toekomst had haar fractie graag bij dit voorstel ontvangen. Het college had bij voorbeeld kunnen schrij ven hoe tegen het parkeren in Grou wordt aangekeken. Er wordt immers wel geld uit de reserve voor een parkeerterrein gehaald. De vraag rijst ook of drempels of rammelstroken eigenlijk wel zinvol zijn. Gezien de nieuwste visie van het ROF zijn er betere oplossingen denkbaar. In de commissie heeft zij ook opgemerkt er groot belang aan te hechten dat er nogmaals met de bewoners van de Stationsweg wordt gepraat. In de commissie is toegezegd dat er een openbare aanbesteding mogelijk is. De hear Roorda seit dat syn fraksje ek foarkar hat foar it besjen fan dit ütstel yn it ramt fan de totale ferkearsstruktuer foar Grou. Hy hie it plesierich fûn as der in ütfieringsklear plan lein hie. Mar it praten oer in werynrjochting fan de Sta- sjonswei hat neffens syn fraksje al fierstente lang duorre. Lan ger wachtsjen is net ferantwurde. Syn fraksje stimt dêrom yn mei it ütstel ûnder betingst dat de neiere ütwurking yn goed oerlis mei de bewenners ta stân komme sil en it ütwurkingsrisseltaat yn de kommisje oan 'e oarder komme sil. Hy giet der boppedat fan üt dat de tydlike maatregels foar it earste stik fan de Stasjonswei ek hjirûnder falie. Hy fynt de kombinaasje werynrjochting-rioel- ferfanging, in wurk mei wurksitewaasje, wol in goede saak. De foarsitter seit dat as de ried wol dat der gjin jild ütjûn wurdt dat der net is dit ütstel fuortendaliks wol fan tafel kin. Wat hy lykwols net goed begrypt is dat de ried ek al jierren seit dat der wat barre moat oan de Stasjonswei. Hy snapt ek net dat de weigebrûker, as de Stasjonswei aanst smeller wurden is, de Oostergoostjitte brüke sil. De Stasjonswei komt ommers asfalt oerhinne. By de fêststelling fan it plan De Baai is dat ek ôfpraat om sadwaande de lûdhinder te beheinen. It gefoel fan ûnfeiligens wurdt neffens it kolleezje ek weinommen troch it smeller meitsjen fan de dyk. N0T2305/0/H/BR0UWERJ/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 13