- 11 - As allinne op de hurde sifers fan ferkearsûngefallen ôfgien wurdt, dan bart der yn üs gemeente net safolle. As dy sifers it útgongspunt wêze soene, soene in soad plannen oars makke wurde moatte. De oplossing dy't no keazen wurdt moat ek goed wêze foar de takomst. Op dit momint is der noch gjin sicht op hoe't it parkearprobleem yn Grou oplost wurde moat en is der ek noch gjin ferkearssirkulaasjeplan. Mar it ûnthjit om wat oan de Stasjons wei leit der al hiel lang. 100% wissichheid oer it krekt passen fan dizze werynrjochting yn it ferkearssirkulaasjeplan is net te jaan, mar dat kin wol foar 80 90%. Foar it parkearen op de Stasjonswei sil noch wol in oplossing komme moatte. Grienfoars- jennings binne wichtich foar in goede kwaliteit fan de om- jouwing, sa ek foar de entree fan Grou. It kolleezje leit himsels ek de ferplichting fan in goed ûnderhâld dêrfan op. It tichter opelkoar lizzen fan de stiennen jout net in echte oplos sing omt dan elk jier de stiennen wer op 'e nij lein wurde moatte. It ferfangen fan it rioel sil wier safolle kostje moatte as yn it útstel stiet. Fan it brûken fan it kredyt sil ferslach dien wurde yn de kommisje AZW. Der sil sa gau mooglik, rekken hâldend mei it seizoen en de aktiviteiten, mei it wurk begûn wurde. De effekten fan dizze werynrjochting foar de Stasjonswei binne wol bekind. Mar as jo alles op alles wachtsje litte bart der neat. Hy is it mei mefrou Aukes iens dat der yn it útstel wol in bettere taljochting setten wurde kind hie. It plan foar de werynrjochting wurdt drûgen troch de bewenners, dêr't goed oerlis mei fierd is. Wethouder Van den Berg zegt dat er meer sprake is fan plateau's dan van drempels. Drempels worden tegenwoordig minder acceptabel geacht. Er wordt regelmatig overleg gevoerd met de deskundigen. De inrichting van de weg bepaalt het gedrag van de weggebruiker. Door het smaller maken van de weg wordt de drang om hard te rij den verminderd. De gekozen herinrichting past in de visie. Er is wat dit betreft geen ad hoc-oplossing gekozen. Als er gewacht wordt op de totaalvisie is het ook nog maar de vraag of die wel zondermeer uitgevoerd kan worden. Dat zal in de loop der jaren in werk-met-werksituaties moeten gebeuren. De hear Van der Baan tinkt dat dochs in protte minsken aanst de Oostergoostrjitte lâns gean sille. Mei de dekking fan it kredyt is syn fraksje it net iens. It bedrach foar de ferfanging fan it rioel is fierstente heech. Hy foarseit dan ek as sa'n lyts stikje rioel safolle kostje moat, in foarse ferheging fan de rioelheffing. Syn fraksje fynt dat it kredykt komme moat út de post wegen, troch in bygelyks stadiger útfieren fan de beton- diken. Hy wiist op de diskusje noch net sa lang lyn, oer wat der bart by kalamiteiten yn Grou. Hoe kinne de bewenners dan Grou útkomme. As in útfalswei dan ek noch fersmelle wurdt wurdt dat allinne mar slimmer. De iene kear seit it kolleezje dat it grien net goed ûnderhâlden wurde kin en no sil dat yn ien kear wol wer barre. Hy fynt dat it kolleezje dy tasizzing net wier makket en net wier meitsje kin. Benammen âldere minsken sille harrensels aanst ûnfeiliger fiele op de Stasjonswei. Dy minsken hawwe wol problemen mei de fersmelling. De hear Van den Berg hat begrepen fan it ROF dat it profyl dat no keazen wurdt yn mear plakken brûkt wurdt. Fan de opmerking fan de foarsitter dat dit werynrjochtingsplan foar sa'n 80% pas- se sil yn de fisy dy't der noch komt, nimt hy kennis. NOT2305/0/H/BR0UUERJ/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 14