- 4 - De gemeente hat de taak om de deade hüsbisten te besoargjen. Der binne gemeenten dy't dit gâns goedkeaper kinne as de gemeente Boarnsterhim. Wêrom harkje we dêr net nei? Har fraksje fynt dat it hiele ütstel werom moat nei de kommisje. De hear Van den Berg kin him wat it algemiene part oanbelanget oanslute by de eardere sprekkers. Syn fraksje fynt ek dat it hiele ütstel weromnommen wurde moat. De hear Van der Baan is it mei dizze wurden iens. It brief nei de minister is in goed ynisjatyf. De boerestân soe in minne namme krije as se dit net goed regelet. De hear Postma hat hjir neat oan ta te heakjen. De hear De Jager bringt de ried de goede hâlding fan de boeren yn de twadde wrâldoarloch yn it omtinken. Syn fraksje is wiis mei de fryske boeren. De boeren fan hjoeddedei binne suver in soarte fan parkwachters wurden en hawwe mei in protte miljeu- regels te krijen. De gemeente kin no de boeren in bytsje temjitte komme en hy fynt dat dat ek barre moat. Wethouder Van den Berg zegt dat het college toch met dit voor stel is gekomen omdat het college vindt dat om onze doelen te bereiken mensen gestimuleerd moeten worden. Door de raad wordt er aan voorbijgegaan dat de gemeente er belang bij heeft dat de boeren een contract afsluiten. Natuurlijk hebben de boeren ook zelf verantwoordelijkheid en moeten het grootste deel van de kosten betalen. Het gemeentelijk subsidie is maar een klein deel. Over het tweede deel van het voorstel zijn uiteraard kontakten geweest met andere gemeenten. Elke gemeente, zo is gebleken, doet het op een andere manier. In onze gemeente is dat het aanbieden van twee verzamelpunten. De conceptovereenkomsten zullen in de commissie behandeld worden. Nogmaals roept zij de raad op zich niet blind te staren op de subsidie maar te kijken naar het effect voor het gemeentelijke beleid op de terreinen van volksgezondheid en recreatieve ontwikkeling. De hear Roorda seit dat hy spitigemôch neat nijs heard hat. Syn fraksje bliuwt by syn stânpunt. Wat it twadde punt oanbelanget slüt hy him oan by de oare fraksjes om dit punt op 'e nij te behanneljen yn de kommisje. It soe goed wêze dat it kolleezje de alternativen ris op in rychje sette. Mefrou Santema seit dat de wethâlder oan alle saken dy't op ta fel lein binne foarbygiet. It is in frjemde saak dat allinne it feit dat jo wiis mei de boeren binne in subsydzje ynhâlde moatte soe. It giet hjir om it prinsipe fan: de fersmoarger betellet. Salang as de lânbou- en stânsorganisaasjes en de destruksjebe- driuwen noch net ütiten binne hoecht de gemeente der net tus- kenyn te springen. Op ûnderdiel a. is har fraksje tsjin en b. wol se graach weromnommen hawwe. De hear Van den Berg soe it spitich fine dat de wurden fan de hear De Jager oer de rol fan de boeren yn de oarloch ferkeard as mei mingde gefoelens oanheard binne. Syn fraksje slüt him, wat it ütstel oanbelanget, oan by de foarige sprekkers. NOT2305/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7