- 6 - De heer Jonkers hoort pas nu dat er voorinformatie is gegeven over punt II van het besluit. Hij heeft daar geen uitnodiging voor gehad. De hear Van der Meulen seit dat hy oan ferfelens ta hyltiten wer op 'e nij frege hat hoe't it mei it kontrakt stie. Ek syn frak- sje freget him óf oft dit no sa moat. Hy fynt dat it kolleezje sjen moat nei de fierde proseduere en de makke flaters, sadat der yn 'e takomst soarchfâldiger mei omgien wurde kin. Ek spitich is dat sa koart foar de gearkomste útlis jûn is. Hy giet lykwols, sjoen de ófspraken dy't der lizze, akkoart mei it wizige ütstel. De hear Van den Berg seit dat hy net folie oan de foarige sprek- kers ta te heakjen hat. Hy wol graach witte hoe't dit safier kommen is. Hy wol ek graach mei it kolleezje prate oer hoe't yn 'e takomst ditsoarte saken tefoaren kommen wurde kinne. Utbe- steegje kin syn foardielen hawwe, mar it betsjut wol dat de amt- like organisaasje dêr goed op tasnien wêze moat. Mefrou De Vries kin har oanslute by de eardere sprekkers. Sy freget wat der bart as moarn de akte net passearre wurdt. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje it in kwalike saak fynt dat de ried no konfrontearre wurdt mei in totaal oar beslút, wylst it kontrakt al 7 moanne lyn yn de kommisje behannele is. It wie de wêthâlder fêst langer as hjoed bekind dat it kontrakt oanpast wurde moast. Se fynt it net korrekt dat de wethâlder sa koart foar de gearkomste mei dit ferhaal komt, temear omt de wethâlder seis eins net wit om hoefolle jild it giet. Har fraksje fynt dat it kolleezje it ütstel weromnimme moat. Wethâlder De Boer seit dat dit dizze wurkwize om nije huzen yn Grou te bouwen foar it earst hantearre is. Der binne seker din gen bart dy't net sa moatten hiene. Nei ófrin fan dit projekt wol sy dan ek mei de oanbelangjenden in evaluaasje hâlde. Spit- igernóch is it kontrakt wat oan'e lette kant. Mar moarn sil de gemeente, by it passearjen fan de akte, yn ien kear al it jild krije en binne alle risiko's ôfdekt. As de wizigingen moarn direkt meinommen wurde is der gjin ekstra b.t.w. ferskuldige. Se biedt de hear Jonkers ekskuses oan foar it feit dat hy, omt hy net te berikken wie, net ynljochte is. De gemeente draacht de kosten foar de ljochtmêsten en de brânkranen. As de akte moarn net passearre wurdt kinne der gjin kavels ferkocht wurde en krijt de gemeente it jild net binnen. Sy fynt ek dat it kol leezje earder nei de kommisje ta kommen moatten hie. De foarsitter seit dat as de akte moarn passearre wurdt der in b.t.w.-foardiel fan f 40.000,00 te heljen is. De foarsitter slüt op fersyk fan de hear Van der Baan tydlik de gearkomste om 21.35 oere. De foarsitter weriepenet de gearkomste om 21.45 oere. N0T2305/0/H/BR0UUE8J6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 9