- 2 - Na heropening van de vergadering geeft de voorzitter het woord aan de heer Van der Baan. De hear Van der Baan seit dat de kommisje it betrouwensbrief yn 'e oarder befûn hat. De kommisje stelt út de hear Veldstra ta te litten ta de ried. De foarsitter konstatearret dat de ried ynstimme kin mei dit útstel 4aVoorstel inzake subsidiëring dorpshuis Poppenwier. De hear Zij lstra seit dat syn fraksje bliid is dat lang om let de kûgel troch de tsjerke is. Dat der dêrtroch in ekstra bel- esting foar it grûnbedriuw komt akseptearret hy. Hy hie it wol aardich fûn dat út de hoeke fan rekreaasje en sport wei ek in bydrage kommen wie. Wat de proseduere oanbelanget kin der net sprutsen wurde fan in flotte oanpak. De hear Oosterhof seit dat ek syn fraksje bliid is dat der no úteinlik boud wurde kin. Hy fynt it spitich dat it allegear sa lang duorre hat. Syn fraksje wol lykwols it útstel feroarje. De f 55.000,00 soe rjochtstreeks út de algemiene middels wei komme moatte sadat Poppenwier net langer yn it ûnwisse bliuwe hoecht. Hy is ek noch pessimistysk oer it generarjen fan de f 55.000,00 út de boukavels wei. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje bliid is dat der no úteinlik dúdlikheid is. Hy hat lykwols noch in tal f ragen dy't net yn it útstel ferwurke binne. Wurdt der mear grûn ynbrocht dan allinne Catweazle? Is der al in konvenant mei de horeka? Hoe sjocht it kolleezje tsjin de anti-spekulaasjebetingst oan. Hoe sil it terrein krekt ynfold wurde? Hoe stiet it kolleezje tsjin de wente, dy't der komme soe, oer. Der wurdt no in oanslach dien op it grûnbedriuw. Hoe komt it no mei it wurkgelegenheidsfûns Mefrou Veldstra seit dat har fraksje der al in heal jier lyn op oantrune hat de grûn fergees te jaan. It is dan ek wol spitich dat it noch sa lang duorje moast foardat dit útstel der komt. Sy is der benijd nei wat it kolleezje eins foar eagen hat: in doarpshûs mei wente op Catweazle as wat oars. Der lei ek neat dêroer by de stikken. Har fraksje stiet achter it útstel fan de V.V.D. en is benijd wat it kolleezje dêroer seit. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie blij is dat er nu toch een doorbraak is. Hij vraagt op welke termijn de woning(en) gereali seerd zullen zijn. Hoe zit het met het fonds dorpshuizen van de provincie. Heeft Poppenwier de zekerheid dat er f 75.000,00 uit dat fonds komt. De hear Van den Berg seit dat de ynset fan elkenien altiten dúdlik west hat: in doarpshûs foar Poppenwier, wêrby de gemeente in bydrage jaan sil dy't it provinsjaal subsydzje fan f 75.000,00 feilichstelle soe. Dit útstel foldocht oan dy easken. By dizze oplossing soene wol wer allegear problemen socht wurde kinne, mar dat liket him net goed ta. Der kin en moat no boud wurde. NOT0407/0/H/BR0UWERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 13