- 6 - Dochs soe hy dêr ris nei sjen wolle omt it kolleezje blykber in oare line foarstiet as it giet om de bestimming fan it oerskot. De post reiniging lit in foardielich ferskil sjen, dat opbrocht is troch de boargers. De kosten fan de reiniging binne folslein trochberekkene yn de tariven. As der dus in oerskot is fynt syn fraksje dat dat werom moat nei de boargers. Net troch it út te kearen mar troch de tariven oan te passen. It ynstellen fan in egalisaasjefûns foar de reiniging soe in goed middel wêze. Hy trunet dêr dan ek op oan. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wurdearring hat foar it moai op 'e tiid wezen fan de gemeenterekkenYn it totaal kin steld wurde dat der grutte ferskillen lizze en we binne noch net dêr dêr't we wêze moatte. Syn fraksje wol op in pear posten wize. It bedrach foar de boaiemsanearing Terherne yn de risikopa- ragraaf liket him oan de lege kant. Utbesteging fan it ûnderhâld fan bedriuwsautos soe foardielich wêze kinne. It skeel tusken de gemeente en de Grontmij hat f 450.000,00 koste. Hy fynt dat de ried op dit punt better ynformearre wurde moat. Syn fraksje is fan betinken dat it tefolle betelle jild foar de reiniging ten goede komme moat oan de boargers, troch it bedrach fan f 560.000,00 te redusearjen op de reinigingsrjochten foar 1996. Hy stelt dat út. In oare reden om dit út te stellen is dat it goede gedrach fan de boargers beleanne wurde moat. De foarsitter betanket de ried foar syn positive wurden. Hy sil de kompliminten oerbringe oan de ôfdieling finânsjes. Der is konstatearre dat der grutte ferskillen binne tusken begrutting en rekken. Dat seit dat de behearsberheid fan de totale or- ganisaasje noch net op peil is. Hy seit de ried ta dat der in diskusje yn de ried komme sil oer de hichte en de posysje fan de reserves. Dus oer de normearing fan de reserve en in skommelpart dêryn. It effekt fan de reserves is ommers mar beheind. De analy se fan de reserves is net sa hoopfol as wol tocht wurdt. It kol leezje is it ek iens mei de reaksje fan de accountants. Miskien is it goede momint wol de behanneling fan de begrutting foar 1996. De fermindering fan potsj es is ek wol in winsk fan it kolleezje mar yn de praktyske útwurking binne der dochs in tal beheinings. De diskusje hjiroer kin ek by de begrutting 1996 fierd wurde. It op 'e tiid klear wêzen fan de rekken hat yndied ekstra jild koste. It swiertepunt leit lykwols by de eigen min- sken. De eigen minsken wolle dat ek seis sa omt men it proses behearskje wol en omt der foar de kommende jierren noch in op dracht leit. De rekken moat noch mear in beliedsynstrumint wurde. En de oersetting nei de produktbegrutting sil ek út eigen hûs komme moatte. Dêr wurdt dan ek hurd oan wurke. Sa't de hear Postma opmurken. hat is it finansjele belied net it belied. Der sil in breder ynstrumentarium komme moatte om de eigen organisaa- sje te behearskjen en om beliedsmjittich de goede kar meitsje te kinnen. De begrutting foar 1996 sil dêr dúdlik yn wêze. De beslútfoarming oangeande de begrutting sil noch de tradisjonele foarm hawwe. Dêrnjonken sil dan de produktbegrutting lizze. Pas dan kin der net allinne in finansjeel mar ek in beliedsmj ittich ferslach komme. De brânwar is hjoeddedei mear dan ea op 'n paad. It kolleezje hat fêststeld dat der in bûtengewoan professioneel apparaat is besteande út frijwilligers dy't dei en nacht klear steane. De brânwarminsken fine seis net dat se oerbelêste binne. De boaiemsanearing is ynskatten op basis fan feitlike gegevens. NOT0407/0/H/BR0UWERJ6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 17