- 8 - De hear Van den Berg seit dat syn fraksje nei de stabilisearing fan de tariven ta wol. It liket him de baas dêrfoar in egalisaas- jefûns yn te stellen. De folsleine ried sit noch net op dy line. Dêrom fynt syn fraksje dat der dochs in sinjaal nei de boargers ta moat. By de taryfstelling foar 1996 sil der mei it oerskot rekken hâlden wurde moatte. Hy is der gj in foarstanner fan it oerskot werom te jaan. De foarsitter seit dat mefrou De Vries it gelyk oan har kant hat as se seit dat der net wer deselde 'flaters makke wurde moatte as yn it ferline. It is better lykwicht te befoarderj en. It kol- leezje wol ta op legere tariven mar dan yn it ramt fan behears- berheid fan organisaasje en belied en lykwicht. It kolleezje is der net foar ienmalich wat te dwaan. It is folie better de stigende line fan de tariven om te bûgen. De ried mei der it kolleezje op fergje by de begrutting de taryfsferheging oan te passen sadat de tariven gelyk bliuwe as mooglik leger wêze kin- ne. Der is gj in sprake fan omboeken fan jild fan de ôffalstof- fenheffing nei de rioelearing. De net bestege jilden wurde op grûn fan it fêststelde mearjierre-ynvestearingsplan nei de reser ves tabrocht. Wethouder Smittenberg zegt dat er behalve de uitleg op het aan slagbiljet er ook andere wegen zijn, bijvoorbeeld publikaties in de Mid-Frieslander, om duidelijk te maken hoe de tarieven zijn samengesteld en op welke wijze het overschot effect heeft op het meerj arengemiddelde. De hear Van der Baan freget de gearkomste tydlik te sluten foar oerlis Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie voorstelt om uitleg te geven aan de burgers middels een bijsluiter bij het aanslagbiljet. De foarsitter antwurdet dat it kolleezje dat taseit. De hear Van der Baan lükt syn amendemint yn omt hy begrypt dat dat gjin stipe krijt yn de ried. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 22.10 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.15 oere. 6Voorstel tot vaststelling van de rekening over 1994 van het ge meentelijk grondbedrijf. Mefrou De Vries seit dat har fraksje ferwachtet dat it tekoart de kommende jierren hurder en fierder ynrûn wurde sil. De üntwik- kelingen yn it grünbedriuw moatte goed folge wurde sadat ek dêr op 'e tiid bystjoerd wurde kin. De hear Van der Meulen seit dat de prognose foar it ynrinnen fan it tekoart krekt net helle wurde koe yn 1994. Miskien kin der op akwisysjegebiet noch wat skerper ynspile wurde. De presintaasje fan de braaklizzende bedriuwenterreinen kin ek wol wat oan dien wurde. NOTO4070HBROUWERJ8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 19