- 10 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 7Voorstel tot het vaststellen van de verordening straatnaamgeving en huisnummering. De hear Roorda seit dat syn fraksje it plesierich fynt dat de besteande wurkwize hanthavene wurdt. It is in goede saak de advisearing op dit mêd tichteby de boargers te litten. De hear Van der Baan seit dat der dochs in njirre ûnder it gers sit. By ôfwiking fan it advys fan de Geakundekommisje ûntstiet der in skeel. Wa beslút dan? Hy is fan betinken dat yn dat gefal de ried beslisse moatte soe. De foarsitter is it iens mei de hear Roorda dat in draachflak by de boargers foar de besluten wichtich is. Hy hat der alle betrouwen yn dat dat ek yn de takomst oanwêzich wêze sil. By ôfwiking fan in advys beslút it kolleezje. Yn dat gefal wurdt der wol yn de kommisje oer praten. It kolleezje sil dat de miening fan de ried swier wage litte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 8Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de aanschaf van materieel in 1995. De hear Postma seit dat it materieel, nettsj insteande dat it al lang ôfskreaun is, der technysk noch goed ütsjocht. In kom- plimint dêrfoar. De kwaliteit fan de akkommodaasje, de ynrjoch- ting fan it terrein en de miljeu-easken soene lykwols noch omtinken hawwe moatte. De foarsitter betanket de hear Postma foar it komplimint. It kolleezje sil it seker trochspylje. De kwaliteit fan de akkom modaasje komt yn 'e hjerst oan 'e oarder. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 9Voorstel tot vaststelling van de "Organisatieverordening 1995". De foarsitter dielt mei dat de artikelnümering yn de Gemeentewet feroare is. Wêr't yn it stik artikel 104 stiet moat 103 stean en dêr't 160 stiet 159. De feroardening giet yn nei publikaasje yn de Mid-Frieslander. De hear Van den Berg seit dat dizze feroardening in stap yn it trasee is. Syn fraksje freget wannear't de finansjele feroar dening te ferwaciitsjen is. De foarsitter seit dat dy feroardening der binnen it kommende healjier komme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOTO4070HBR0UVERJ10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 21