- 12 - 14Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het woonrijpmaken van de S. Korfmakerstrjitte te Sibrandabuorren Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15Voorstel tot het verstrekken van een krediet ten behoeve van het opstellen van een plan van aanpak voor het opwaarderen van het bedrijventerrein Spikerboor te Akkrum. De heer Jonkers vraagt wat bedoeld wordt met: enige kosten die de gemeente zal moeten maken. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje it goed fynt dat der ûndersyk dien wurdt. Hy konstatearret in ferskil yn bedragen. It subsydzje wurdt yn it beslüt ek net neamd. Mefrou Veldstra seit dat in opwurdearring op syn plak is. De bedriuwen hawwe der dêr in rotsoai fan makke. Se freget oft der ek tafersjoch is op it kreas hâlden fan terreinen en oft der al kontakt mei de bedriuwen oer west hat. Wethâlder De Boer seit dat der al kontakt west hat mei de be driuwen. It terrein sil yn oerlis en tegearre mei de bedriuwen opknapt wurde. It plan fan oanpak kostet f 15.000,00. De sub sydzje moat noch binnenkomme. Yn earste ynstânsje sil de f 15.000,00 dutsen wurde út it kompleks Spikerboor. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 16Voorstel subsidiëring woonconsumentenorganisaties. De heer Lolkama zegt dat de VAC de laatste jaren nooit advies heeft uitgebracht. Hij wil graag in de commissie het resultaat van het gesprek met de VAC horen. De hear Van den Berg hat deselde fraach. Hy freget ek wat it petear mei de VAC opsmiten hat. Wethâlder De Boer seit dat de VAC ek fynt dat har taak oars wêze moat as yn de ôfrûne jierren. Nei de simmerfakânsje komt de VAC mei in beliedsplan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 17Voorstel evaluatie vluchtelingen- en asielzoekersbeleid 1994. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him fine kin yn it útstel. Hy fynt dat útwreiding mei in meiwurker yn it fjild eins mear nedich is. Hy stiet ek oan op in evaluaasje. Hy sjocht net graach it tal amtners grutter wurden wylst eins meiwurkers yn it fjild nedich binne. Mefrou Sant erna seit dat sy it mei it léste wol iens is. Sy wol graach de frijwilligers betankje dy't in hiele protte wurk fersette. Sy fynt it spitich dat der sa lang mei dit útstel wachte is. Se hat begrepen dat de beliedsmeiwurker al yn tsjinst is oant ein 1995. Dan sil der noch in evaluaasje plakfine. NOTO407OHBROUWERJ12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 23