- 14 - Haar fractie heeft gevraagd te onderzoeken of er een draagvlak is voor het schrijven van friese brieven naar de Plaatselijke Belangen. De hear Van den Berg seit dat yn it ferline de gemeente Boarn- sterhim ek al behoarlik foarop rûn hat op it mêd fan it Frysk. Der is al in protte tiid en jild stutsen yn it belied Frysk. Foar syn fraksje is dit üstel it maksimumpakketWat yn in plan fan oanpak stiet kin yndied in oanset wêze ta it mear en better brûken fan de Fryske taal. Hy makket dêrby de oantekening tsjin it ferlienen fan in gratifikaasje oan amtners te wezen omt it gjin fertuten dwaan sil. De ütwurking fan de doelstellings komt wol foar rekken fan de amtlike organisaasj e, dy't no al de hannen mear as fol hat. Der kin net mear ferlangd wurde dan mooglik is. As hy in kar meitsje mei tusken in fluch antwurd yn it Nederlânsk as in Frysk antwurd dat langer op him wachtsje lit, dan kiest hy foar it earste. By syn fraksje leit de priori teit by it op oarder krijen fan de amtlike organisaasje. De hear Postma seit dat syn fraksje dit in helder, goed plan fan oanpak fynt. De stân fan saken, sa't it rapport dy oanjout is seker net bemoedigjend. It rapport is helder yn syn doelstel lings. Alhoewol't syn fraksje it ütstrielen fan de Fryske taal yn positive sin foarstiet is hy gjin foarstanner fan gratifikaas- jes foar it brûken fan it Frysk en it struktureel opnimmen fan in formaasjeplak Frysk. De effektiviteit fan dit plan wurdt foar in grut part bepaald troch it draachflak. Unfoldwaande draach- flak, yntern mar ek ekstern sil gjin grut risseltaat fan gefol- gen hawwe. Syn fraksje is it iens mei it útlûken fan in bedrach fan f 1000,00. De hear Van der Baan seit dat foar him taal en minsken synonym binne. As jo de taal tekoart dogge dogge jo de minsken tekoart. Sa ünderfynt hy dat ek yn de ried as guon minsken it wurd fiere. Men docht as hat de taal hjir allinne mar in funksje dy't alles behindert. It liket net in ferriking mar in ferearming en yn elts gefal in lestige sitewaasje as de Fryske taal brûkt wurdt. Respekt foar de oar is der hast net te finen en dat docht wol sear. Hy fynt dat de foarige sprekkers fergetten hawwe nei te tinken oer wat it Frysk betsjut en wat it Frysk is. It Frysk stiet yn in min ofte mear minderweardige sitewaasje. Dat hat fan alles te krijen mei de hâlding fan minsken tsjin oare minsken oer. Hy fynt dat yn de ferhâlding tusken de ferskate talen gjin arrogânsje bestean mei. Hy giet yn 'e pleit foar in lykwear- digens fan it Frysk yn dit gebiet dêr't it Frysk noch brûkt wurdt. Hy soe it o sa op priis stelle dat dizze gemeente op 'e nij foarop rinne wol yn dizze striid. Yn 12 jier Boarnsterhim sitte we hast Wer op it nulpunt wat it brûken fan it Frysk oanbelanget. It kolleezje besiket no wer de tried op te nimmen. It docht him sear dat it sa moat. Oan de iene kant is hy bliid mei dizze oanset. Oan de oare kant is hy tryst omt hy wjerstân fernimt tsjin it Frysk oer. As der op dy wize oer it Frysk praat wurdt dan fynt hy it earliker dat der mar sein wurdt dat men neat fan it Frysk hawwe moat. Boarnsterhim kin in wichtige rol spylje mar dan moat dat op in wize dy't it Frysk wurdich is. We kinne net sûnder amtners dy't it Frysk brûke kinne mar fral brüke wolle. No en dan heart hy yn de organisaasje minachtsjende lüden tsjin it Frysk en de minsken dy't Frysk prate oer. Hy fynt dat it gefaarlike hâlding. Syn fraksje is bliid mei it útstel. NOTO407OHBROUVERJ1A

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 25