- 16 - Yn in oare gemeente dêr't ek in gratifikaasje jûn wurdt docht bliken dat it posityf wurket. It kolleezje hat in oare ferantwur- dlik as de leden fan de kommisje en is seker wol goed omgongen mei de opmerkings dy't yn de kommisje makke binne. Se trunet der op oan wol it elemint gratifikaasje op te nimmen mei dêroan in termyn fan in evaluaasje. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Mevrouw Aukes wil stemming over de onderdelen gratificatie, strukturele functie beleidsambtenaar Fries en over het automatis me van het schrijven van friese brieven aan de Plaatselijke Be langen De foarsitter seit dat yn it riedsprogramma de beliedsmeiwurker Frysk neamd wurdt. As de ried no oars beslute soe soe dat yn striid wêze mei it riedsprogramma. De hear Van den Berg seit dat hy tsjin de gratifikaasje stimt. Mefrou De Vries seit dat sy it punt gratifikaasje by de evaluaa sje op 'e nij bes jen wol. Dat jildt ek foar de funksje bel iedsmeiwurker Frysk. De hear Roorda seit dat hy tsjin it jaan fan in gratifikaasje is omt it hiel gewoan is om Fryske brieven te skriuwen. De hear Postma seit dat syn fraksje tsjin it jaan fan in gratifi kaasje is. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it hiele útstel stipet. Hjirnei wurdt der earst stimd oer punt 6 fan 'e koartetermyn- doelstellingsde gratifikaasje. Nei de stimming docht bliken dat dit punt mei 10 tsjin 7 stimmen oannommen is. Tsjin hawwe stimd de leden Aukes, Van den Berg, Jonkers, Oosterhof, Postma, Roorda en Santema. Nei de stimming oer punt 1 fan de langetermyn-doelstellingsde funksje fan beliedsmeiwurker Frysk, docht bliken dat dit punt mei 12 tsjin 5 stimmen oannommen is. Tsjin hawwe stimd de leden Aukes, Jonkers, Oosterhof, Postma en Santema. It útstel fan it kolleezje wurdt foar de rest sünder persoanlike stimming oannommen. De foarsitter seit dat hy graach stilstean wol by it ôfskie fan de ried fan mefrou De Vries. Sy hat net sa lang yn de ried sitten, om krekt te wezen fan 28 april 1992 óf as opfolgster fan mefrou Zijls tra. Nei de ferkiezings is sy wer keazen op 2 maart 1994. Mefrou De Vries wie lid fan de kommisje AZW, it G.0. en fan de kommisje foar de beneaming fan direksjeleden. Sy hat lieding jûn oan it ta stân kommen fan it programma foar dizze riedsperioadeHy konstatearret dat de achterlizzende perioade in tige enervearjende perioade west hat. Saaklik, nuchter, gefoel foar politike en bestjoerlike ferhâldings, dat allegear brocht mefrou De Vries mei. As earste wol hy wat sizze oer de bestjoerlike fernijing. Mefrou De Vries hat altiten it proses fan ferbettering stipe en de ried en it amtlik apparaat kinne har dêr tankber foar wêze. NOTO407OHBROUWERJ16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 27