- 17 - Sy wie de representant fan it gearwurkjen mei oare gemeenten, it oer de gemeentegrinzen hinnesjen. Gearwurkjen kin somtiden betsjutte dat der foech oerdrügen wurde moat, dat seach mefrou De Vries hiel dúdlik. De P.v.d.A. hat histoarysk besjoen in dominante posysje yn üs gemeente ynnommen. Hjoeddedei kieze de minsken net mear sa maklik tradisjoneel foar de tsjerke, de fakbûn as de politike partij. Dat betsjut dat ek de politike partijen in drege perioade trochmeitsje. Yn Boarnsterhim is de ynfloed fan de P.v.d.A. ôfnommen. Yn de nei- oarlochse perioade is it dreech west om om te gean mei macht. It giet no om it finen fan nije wegen en dat is noch folie dreger. Bestjoeren is dêrom yn dizze tiid net maklik. Bestjoerlike ferantwurdlikheid drage mei de ballast fan it ferline is dreech. Dat freget fisy, strategysk ynsjoch en gefoel foar politike ferhâldings en ree wezen om fiergeande kompromissen te sluten. Yn dy politike konstellaasje is sterk liederskip in absolute betingst. Nei syn betinken heart mefrou De Vries ta in nije generaasje sosjaal-demokratyske bestjoerdersIt is tige spitich dat mefrou De Vries, as yntelligint, motivearre en diedkrachtich bestjoerder fuortgiet. Hy betanket mefrou De Vries foar de goede gearwurking en har ynset foar de minsken yn de doarpen. Dêrby tinkt hy dan oan it bibleteekwurk en har wurk foar it 4-maaieko- mité. Ta beslüt lést hy it gedicht fan de Boarnsterhimse dichteres Tjits Peenstra: "Frijheid" foar. Hy winsket mefrou De Vries in goede faert yn har libben ta. De foarsitter biedt mefrou in kado oan mei in ôfbylding fan it Grou- ster skûtsje. Mefrou Santema sprekt út namme fan alle leden fan de ried. Mefrou De Vries hat in kar makke neidat se mei oaren de kar yn Boarnsterhim lutsen hat. It is mefrou De Vries dy't altiten om âlde Fryske wurden socht en dy yn in nij jaske stekt. As foarbyld neamt sy it wurd: hifkingsramt dat mefrou De Vries yn de léste kommisjegearkomste brûkte. Mefrou De Vries komt út in read nest. Se luts de karre fan de fraksje fan de P.v.d.A. yn de ôfrûne rûzige tiid. Yn it switkeammerke is hiel wat ôfswitten. Se moast ek altiten in kar meitsje tusken hokfoar tas se meinimme soe. No hat se in kar makke tusken de gemeen te en de provinsje. "Ast nypt en wedernypt", in gedicht fan Freark Dam slút sy mei óf en winsket mefrou De Vries it allerbêste ta. Mefrou Santema oerlanget mefrou De Vries in moai bos blommen. De heer Lokama overhandigt haar namens de fractie en het bestuur van de P.v.d.A. een groot bos rode bloemen. Hij hoopt dat de provincie later net zo trots op mevrouw De Vries zal zijn als de P.v.d.A.. Mefrou De Vries seit: Ofskied nimme doch ik net graach: it is sa definityf. It leafst soe ik - lyk as altyd - e'lkenien de hân jaan, de doar ticht lûke en krekt dwaan as oft ik de oare kear gewoan wer bin. Mar dat is dan net sa. Dat is fansels in moaie manier om jesels foar de gek te hâlden. Ik sil it dan ek net dwaan; jim jouwe my boppedat de kâns net. Mar it is net ienfâldich om ófskie te nimmen fan dizze ried. Ik sil dat útlizze. It hat alles te krijen mei in tema dat foar my as in reade tried troch myn libben en dus ek troch it politieke wurk rint: dat is "bining". Ik sil Freud der net by hel je en mei j imme myn jongste jierren analisearje - dêr is grif wat misgien - mar ik sil my beheine ta it léste jier. Dat wie it ferkiezingsjier (TOT0407/0/H/BR0UWERJ/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 28