- 18 - Wy gongen de ferkiezings yn mei datselde tema: sykje om wat bynt. Dat wie gjin tafal. Ik realisearre my mar al te goed dat der yn'e ôfrûne jierren in soad saken bard wiene dy't bestjoer en ynwenners, partij en, amtlike organisaasje, doarpen en minsken út elkoar dreaun hiene. Ynwenners begrepen it gemeentebestjoer net en it gemeentebestjoer miende de ynwenners wol te begripen. Lykwols de ynwenners tochten dêr wer oarns oer en sa hâldt men elkoar dwaande sûnder in soad te berik- ken. Boarnsterhim wie dêr fansels net unyk yn, mar it karakter fan dizze gemeente - ik fyn it in gemeente fan utersten - makket dat it hjir heftiger belibbe wurdt. Ynwenners fan Boarnsterhim hawwe in apart soarte fan haat-leafde ferhâlding mei it gemeentebestjoerSoks fariearret fan it útsprekken fan grutte argewaasje en ergernis - dit fynt benammen plak oan'e bittertafel -, it spytgnyskjen om de léste gemeentlike dwaling - soks by foarkar yn'e buorren met in soad publyk -, it fantasearjen oer in mooglike machtsgreep - dit fansels yn besletten romten -, oant it útroppen dat Boarnsterhim de parel fan Fryslân is. Dit léste bard as der net-Boarnsterhimmers yn byld binne; dan slute wy de rigen en roppe yn koar dat it de moaiste, aktyfste, freonlikste en meast bysûndere gemeente fan Fryslân is en dat wy hjir noait wer wei wolle. As de bûtensteanders wer fuort binne, dan begjint it geëamel wer. As it giet om saken dy't it gemeentebest j oer betinkt, dan binne Boarnsterhimmers tsjin oant it tsjindiel bewiisd is. It. fertrouwen yn it gemeentebestj oer is net grut, sa earlik wol ik wol wêze. Wy fer- lieze terrein. Dan is it net ienfâldich om te bestjoeren. It freget oersicht, iepen- heid en betrouwberheid. It freget bestjoerders dy't hiel goed troch- tocht ha wat h j a berikke wolle, hokker stappen hja sette sille, wannear en op hokker wize ynwenners dêrby belutsen wurde én dy't dat hiel goed útlizze kinne oan elkenien. Dat is net maklik, dat is in apart fak. Want, lis mar ris út dat der oan'e iene kant grutte plannen betocht wurde foar miljoenenynfestearringswylst der op de oare kant in pear tûzend gûne besunige wurde moat op ferienings en organisaasjesSeis betûft âld-riedsleden hawwe it dêr dreech mei. Bestjoere is in fak; it sil de kommende jierren noch dreger wurde. Want de ynfloed fan merkpartijen nimt ta - de oerheid is mar ien skeakel yn in grut gehiel. It is wol in hiele wichtige skeakel; it is de ienigste skeakel dêr't wy allegear wat oer te sizzen hawwe. Dêrom moatte wy op ús slach passé. As ús demokratysk bestel net allinnich geveltsjepolityk is - in moaie bûtenkant, wylst de echte ynfloed earne oars sit - as wy yn'e gemeente mear wêze wolle as de or- ganisaasje dy't om olve oere jüns de strjitlampen ûtdocht, dan moatte wy wat oan de kwaliteit fan it iepenbier bestjoer dwaan. Want op dizze wize binne wy aanst gjin partij mear, as it op wêzentlike saken oankomt. Fan wêzentlik belang binne foar my saken dy't in flier yn'e mienskip lizze en foar bining soargje. It wurdt er net fleuriger op, myn ferhaal. Mar ik sjoch perspektyf. Kwaliteit, dêr komt it op oan. Yn dizze ried binne wy hiel goed en ienriedich ûtein set mei it ferbetterjen fan de wurkwize; der leit in helder en breeddroegen riedsprogram, de finâns- jele ynstruminten wurde ynsichtliker, der sille planningen en rappor- taazjes ferskine en de organisaasje wurdt klearmakke foar de takomst. Soks is foar ynwenners noch net daliks in reden om 'joechhei' te roppen, mar foar it bestjoeren wol in betingst. De eigen hûshâlding moat earst op oarder. NOT0407/0/H/BR0UWERJ/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 29