- 19 - Dêrnjonken is der in nijsgjirrige ûntjouwing yn de provinsje dy't 'bestoerlike fernijing' hjit en dy't der ûnder oare oan bijdrage kin dat gemeenten guon taken mienskiplik organisearje, sadat de kwaliteit tanimme sil. Gemeenten moatte ree wêze om oer de eigen grinzen hinne te sjen en gear te wurkjen; óf spraken te meitsjen oer de ferdieling fan wentebou, bedriuwichheid en foarsjenningsSoks kin betsutte dat der op ünderdielen foech oerdroegen wurdt oan gearwurkingsferbannen of bygelyks dat gemeenten meibetelje oan foarsjennings yn oare gemeen ten; ik tink dan benammen oan Ljouwert. Troch de ferantwurdlikheid foar it lokale bestjoer op dizze wize mienskiplik te dielen, hâlde alle gemeenten besteansrjochtDe kwaliteit wurdt oer de hiele linie better. As der op de âlde wize trochbuorke wurdt mei de gearwurking - wol sizze gear te wurkjen, mar it net dwaan - betsjut dat skaalfer- grutting op net al te lange termyn. De parel sil dan útinoar spatte. Boarnsterhim wurdt taparte oan de fjouwer grutte kearnen: ûnder it Margrietkanaal nei Hearrenfean, Aldeboarn en omstreken nei Drachten, de Lege Geaën nei Snits en boppe it Margrietkanaal nei Ljouwert. It wurdt dan in soarte fan offer om de fjouwer stéden tichter bijelkoar te bringen. Foar it lokale bestjoer hoopje ik dat de gemeenten der meiïnoar yn slagje boppe de eigen belangen út te stigen en ek dér te sykjen nei wat bynt. Bestjoeren is in apart fak, ik sei it al. En it wurdt hieltyd yngewik- kelderIt kin dêrom eins net fan 'amateurs' frege en ferwachte wurde dat hja oer al dy saakundichheden en feardichheden beskikke. Ik bin it iens mei de diskusje dy't lânlik fierd wurdt oer it systeem fan net-keazen deistige bestjoerdersYn in gemeente betsjut dat it sykjen fan 'profesjonele' wethâlders. Om de demokratyske balâns yn lykwicht te hâlden fyn ik dat by profesjonele wethâlders in keazen boargemaster heart. Dat is dan de foarútskode post fan de ried - en dus de ynwenners - yn it kolleezje. Perspektiven en mooglikheden ta fernijïng genóch yn it lokale bestjoer. Mar ik hâld der mei op. Ik haw in oare baan by de provinsje en dêrmei kin belangeferfrisseling ûntstean. Ik wol dat net; dat hat foar my ek mei kwaliteit fan it bestjoer te krijen. Ik haw mei it dûbele gefoel fan in echte Boarnsterhimmer yn dizze ried sitten: mei haat-leafde gefoelens. Alle emoasjes dy't tusken dizze utersten lizze, hawwe dit léste jier yn myn eagen spegele. Oan dizze tafel haw ik regelmj ittich tocht "ik wol hjir wei" en tagelyk "ik wol hjir altyd bliuwe". Ik koe no net bliuwe. De kar is makke. Ik wol jimme allegear tanksizze foar de goede gearwurking, de nocht en de ûnnocht; ik sil it grif noch misse. De ried wurdt gelokkich oanfuld mei in riedslid mei ûnderfinich, Hessel Veldstra út Raerd. En mei Jehannes Zijlstra as nije fraks- jefoarsitter haw ik der alle fertrouwen yn dat de Pv.d.A.-fraksje de ynsette lijn trochsette sil. It wie in bysûndere ried en it sil in bysûndere ried bliuwe. De foarsitter slút de gearkomste om 0.25 oere. Hy noeget de oan- wêzigen út foar in hapke en in drankje en winsket no alfêst eltsenien wolthús Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 12 september 1995, de voorzitter (mevrouw A.M.E. van der Sluijs) NOT0407/O/H/BROUWERJ/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 30