- 3 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de aanschaf van een tweetal nieuwe trouw-toga's. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 4a. Voorstel tot voorbereiding en ontwikkeling van een GPV-locatie bij Grou. De hear Van der Baan seit dat dit ütstel de ôfwaging fan foar- en neidielen mist. Syn fraksje hat der wurdearring foar dat it kolleezje wurk kreëarje wol. Mar dan sil it doel helle wurde moatte en de neidielen yn byld brocht. De proseduere is neffens syn fraksje net soarchfâldich. Twaris waard de ried oerfallen mei dit plan en der waard fuortendaliks in oardiel fan de ried frege. Soks kin net. De F.N.P., wiis wurden troch ûnderfining, hat nee sein. De oare fraksjes moatten harren al bün field hawwe. Pinkstermoandei waard op it gemeentehûs alles ree makke foar in twadde parsekonferinsje. Wêrom al dy haast? De tongers- dei dêrop in al as net bes letten gearkomste fan de kommisje WWM sûnder foarôfgeande skriftlike útnoeging en sûnder ynspraak troch oanbelangjenden. It nije rapport (of is it in beliedsplan) koe amper besjoen wurde. Op sa'n momint seit syn fraksje nee omt hy him net twinge litte wol yn in ûndemokratysk proses dat ynspraak en fatsoenlik oerlis mei de achterban net mooglik makket. Syn fraksje riedt it kolleezje óf om fierder te gean om de neifolgjende reden. It rapport Bak is neffens him ûnfol- dwaande yn syn bewearings en ütgeande fan de sifers sil de ge meente in dikke strop helje. Foar de grûn kin gj in as hast gj in priis frege wurde. It tal wurkplakken sil lang net helle wurde op grûn fan de omsetsifers út it rapport. Needsaak foar de greidewinkels is der net omt hjir al in fynmazich distribüsje- stelsel is. Dêroerhinne ferwachtet hy ferlies fan arbeidsplakken by de Grouster en Akkrumer middenstân. Winst fan arbeidsplakken oan de bûtenkant fan Grou wurdt ferlies fan arbeidsplakken yn it sintrum fan Grou. Dit plan is troch in ferlies fan wen- en leef kwaliteit tige miljeuûnfreonlik mei it drokke autoferkear dat oanlutsen wurdt. It imago fan Grou as in sûn en fris wenplak en toeristysk wettersportsintrum wurdt oantaast. Ferpaupering troch leechstân driget yn it sintrum fan Grou. Aktiviteiten as Sint Piter driuwe op de middenstân. Mooglik sille dy eveneminten as de greidewinkels der komme ferdwine. De middenstân rint dêrtroch ynkomsten mis. De spinn-off fan de greidewinkels is negatyf yn ferliking mei de hjoeddeiske sitewaasje omt de tsjinstferlienen- de sektoren wurk kwytreitsje oan de haadkantoaren fan de greide- winkelconcerns dyt' bûten üs regio lizze. We offerje goed boere- lân op oan in ekstensive foarm fan bedriuwsfiering. De winsten fan de greidewinkels komme foar in grut part bûten Fryslân telâne. Mar ek om oare redenen wiist syn fraksje dit plan óf. Polityk is, neffens syn ynskatting, dit plan net helber. Foar de kommende tiid sille de politike ferhâldings tusken provinsje, de stêd Ljouwert en Boarnsterhim fersteurd reitsje. Soks is dit plan net wurdich. Yn syn ófwaging hat meispile dat de middenstân o sa kwetsber is. Dizze bedriiging kin de ein betsjutte fan in tal bedriuwen. Is dat dan de priis dy't it kolleezje foar de greidewinkels betelje wol? N0T1506/0/H/BR0UWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 5