- 4 - Syn fraksje wol in tal fragen oan it kolleezje stelle: Is dit rapport fan Bak in beliedsplan? Wat binne de politike konsekwins- jes foar de wethâlder as de plannen op in strop útdraaie? Sil se har portefulje beskikber stelle of sil it folsleine kolleezje opstappe? Hokker easken kinne der steld wurde oangeande de arsjitektuer fan de gebouwen en it boumateriaal? Wêrom dy haast, wêrom waard de normale proseduere net folge? Wat binne de rûsde kosten fan oankeap en oanlis fan it terrein en de wegenoanlis? Troch wa wurdt dat betelle? Dizze fragen brâne syn fraksje op de lippen. As it kolleezje net folslein yn it beanderjen fan de fragen wêze kin dan is it plan ek net goed ôfwûgen. De hear Oosterhof wurdt benaud fan it ferhaal fan de hear Van der Baan. Sjoen it brief dat nei de provinsje stjoerd wurdt frezet hy it erchste. Sit Van der Baan hjir foar de gemeenteried as foar provinsjale steaten? De hear Van der Baan protestearret tsjin dizze wize fan diskus- siearjen. De hear Oosterhof seit dat yn de sakewrâld somtiden fluch han- nele wurde moat. Syn fraksje hat net folie beswieren tsjin de proseduere sa't dy oant no ta folge is. Syn fraksje stimt mei it brief nei de provinsje yn. De hear Van den Berg seit dat it by dit útstel giet om de tarie- ding en ûntwikkeling fan in mooglike GDV-lokaasje by Grou. Syn fraksje fynt it in goede set om de provinsje dizze brief te stjoeren om pas dêrnei te sjen hoe't de folgjende stappen wêze sille. De ütgongspunten dy't it kolleezje yn dat brief skriuwe kin syn fraksje mei ynstimme. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje ynnommen is mei it foarnimmen fan it kolleezje om in GDV-lokaasje mooglik te mei- tsjen en mei de ynset fan it kolleezje. As alles trochgiet sil it plan de o sa nedige wurkgelegenheid foar üs gemeente opsmite. Ek sil it bydrage oan it positive ynfloed op it fêstigingsimago fan Boarnsterhim. As ek tredden oertsjûge binne fan dit gaadlike plak dan wol syn fraksje mei kolleezje en oanbelangjenden prate oer de neiere ynfolling fan de GDV-lokaasje om de mooglike negative effekten te beheinen. Syn fraksje nimt kennis fan de negative hâlding fan Ljouwert dy't net op arguminten grûndearre is mar op emoasjes. De heer Jonkers zegt dat als er een GDV-locatie gerealiseerd wordt die maar beter naar Grou kan komen. Waar zijn fractie zeer aan hecht is het goede overleg met de GWHI. De GDV-locatie zou wel eens de enige manier kunnen zijn om ongewenste ontwikkelin gen in het centrum van Grou tegen te gaan. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje graach in GDV-lokaasje hawwe wol omt der in merk foar is. Ek foar de wurkgelegenheid kin de lokaasje grutte betsjutting hawwe. De oanfraach foar in GDV-lokaasje is wiidweidich en djipgeand besjoen. Oant twa kear ta is der ûndersyk troch professor Bak dien. Yn it twadde rap port is sjoen nei de kultuer-histoaryske aspekten en hokker ynfloed de greidewinkels hawwe sille op it sintrum fan Grou. NOT1506/O/H/BROUWERJ4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6