- 5 - Grou hat in protte eigen winkels(net út winkelketens). It kol- leezje tinkt dat de GDV-lokaasje in fersterking fan it sintrum, mei syn eigen gesicht, hawwe kin. Dér sil seker oerlis wêze mei de GWHI. De greidewinkels sille op syn minst 250 wurkplakken opsmite. Dat kin ek folie mear wurde, mar it kolleezje kiest derfoar foarsichtich mei de sifers om te gean. Der wurde ek ôfspraken makke oer de stedeboukundige ynfolling fan it plan. Yn it brief wurdt frege oft de greidewinkels passé yn it Streek plan. Net eltse branche sil fertsjintwurdige wêze yn it plan en datoangeande foldogge de greidewinkels net alhiel oan de definy- sje GDV foar in Vinex-lokaasje. Foar Ljouwert soe it dus hiel oars lizze. Yn it twadde ûndersyk is oanjün wêrom Grou in better plak is as Ljouwert. Der is oerlis mei de provinsje en Ljouwert en dat ferrint yn in goede harmony. Der is in ferskil fan ynsjoch, mar dat taast de goede ferhâlding net oan. De GDV- loaasje hat in sadanige útstrieling dat it mear opsmite sil as allinne de wurkplakken yn'e winkels. In grut part fan 'e minsken sil út de regio weikomme. De hear Van der Baan seit dat hy it stânpunt fan 'e fraksje nei foaren bringt. Flugge prosedueres, sa as bygelyks de V.V.D.- fraksje wol, geane wol foarby oan de ynspraak. Syn fraksje hat soargen oer it fersteuren fan de politike ferhâldings tusken gemeente, provinsje en Ljouwert. It toetsen oan it Streekplan hie op in folie ienfâldiger wize kinnen as bard is. De ûnder- siken fan professor Bak wiene dêrfoar net nedich. Dit noch los fan it feit dat de konklúzjes en it ynsjoch fan professor Bak 7 jier lyn hiel oars leine, doe't hy sein hat dat greidewinkels foar Grou waansin binne. Yn it rapport steane ek tsjinstriidich- heden. Neffens syn fraksje is it net sa ienfâldig om allegear betingsten te stellen omt dat de konkurrinsjeposysje be-ynfloed- zje sil. Hy hat der ek grutte beswieren tsjin dat der mar in hiele lege grûnpriis frege wurde kin. Troch de greidewinkels wurdt der oan de iene kant wurk skepen, mar oan' e oare kant rint it der yn it sintrum fan Grou wer wei. Hy sprekt syn soarch út oer de Grouster middenstân, wêrfan 1/4 op it rântsje rint, 1/4 goed buorket en de 1/2 middelmatich. Hy kin der ek net yn leauwe dat de greidewinkels fan 250-400 wurkplakken opsmite sille. It spyt him tige dat de wethâlder net op syn fragen yngien is, mar blykber wol it kolleezje perfoarst op de greide winkels ta. Hy warskôget nochris mei klam dat der mei dizze plan nen net lichtfeardich omgien wurde moat. Mefrou De Vries seit dat it giet om de arguminten en net om de emoasjes. It tal arbeidsplakken dat helle wurde kin is yn de rapporten goed ûnderboud. Yn feite giet it by dit ústel om de ynterpretaasje -f-an it Streekplan. De politike diskusje moat op provinsjaal nivo fierd wurde. It noasket har fraksje mar min dat de F.N.P. sokke swiere wurden brûkt. Sy ûnderstreket it útstel fan it kolleezje. Wethâlder De Boer seit dat it no yndied om de politike diskusje oer de ynterpretaas je fan it Streekplan giet. Letter sil de gewoane proseduere foar in bestimmingsplan folge wurde. Fansels is der dan plak foar ynspraak. NOT1506/O/H/BROUVERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7