- 6 - Der is oerlis west mei de GWHI en dat sil wer plakfine. De sifers oer de middenstân fan Grou kint sy net, mar yn de bere- kkening is in dúdlike ûnderbouwing te finen foar de 250 wurkplak- ken. It kolleezje tinkt perfoarst net dat dit plan in grutte strop foar Grou wurde sil. Ek finansjeel sjoen kin it plan foar de gemeente út. De foarsitter seit dat der oant no ta in hiel soarchfâldige proseduere fierd is. It giet by dit útstel om de wil fan de ried en de fraach oan provinsjale steaten. It kolleezje wol dat sawol kwa finânsjes as wurkplakken de gemeente der better fan wurdt. De politike ferhâlding mei sawol Ljouwert as provinsje is poer- bêst. Der bestiet allinne in ferskil fan miening. De fraach fan de hear Van der Baan oft it kolleezje mooglik ôftrede sil is folslein net oan 'e oarder. Vervolgens wordt conform het voorstel besloten. De fractie van de F.N.P. verkrijgt aantekening tegen te hebben gestemd. 5. Voorstel tot het verstrekken van een krediet ten behoeve van het opstellen van een structuurvisie voor het waterfront Grou. De hear Van der Baan soe graach ynsjoch hawwe wolle yn de sifers fan Yn 'e Lij te. De hear Van den Berg hat de idee dat der yn Grou rus op de line is as it giet om de fraach hoe't it proses der krekt foarstiet. Hy freget it kolleezje oan te jaan hoe't dit útstel yn it proses fan it TROP past. De heer Jonkers zegt dat er vorig jaar een krediet voor een pro jectcoördinator beschikbaar is gesteld. Nu is een krediet voor een struktuurvisie aan de orde. In de optiek van zijn fractie had dat ook andersom gekund. Hij hoopt dat het fonds recreatieve voorzieningen niet leeg gehaald wordt door allerlei structuurvi sies en haalbaarheidsonderzoeken maar dat er op termijn ook structurele fysieke zaken mee kunnen gebeuren. Hij vraagt hoe groot het fonds op dit moment is. Wethâlder De Boer seit dat der mear as genôch yn it fûns sit. Yn de folgjende gearkomste fan de kommisje AZW is de rekken oer 1994 oan 'e oarder. Dêr sit ek de hichte fan it fûns yn. Dizze struktuerfisy is de romtlike útwurking fan de idee fan in wet- tergront út it TROP-plan wei. Hopman en De Vries soe binnen it jier klear wêze mar rint in bytsje achter op it skema. Dat komt foar in part trochdat dizze struktuerfisy eins earder klear wêze moatten hie. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje soargen hat oer de mooglikheden om it foarfinansiearre jild werom te fertsjinjen. Dizze opmerking hat hy ek makke yn de kommisjegearkomste fan 10 maaie. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje ek net 100% wis is dat dat slagje sil. Dêrom komt dit útstel as in fraach om in kredyt nei de ried ta. Hopman en De Vries ûndersykje hokfoar subsydzje- mooglikheden der binne. NOT1506/O/H/BROUVERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 8