- 8 - 14Voorstel een krediet beschikbaar te stellen voor snelheidsremmen de maatregelen. De hear De Jager seit dat syn fraksje fynt dat dit ütstel altiten wêze moat. Hy is lykwols benijd nei it ferrin, want f 20.000,00 is net safolle jild. Mefrou Santerna hopet dat de "pankoeken" net al te heech wurde. Wethâlder Van den Berg is bliid dat de ried posityf reagearret. It sille moaie platte "pankoeken" wurde. Yn de kommisje sil achterôf ynsjoch jûn wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 15. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van een onderzoek naar mechanisatie en bediening op afstand van de Tütsebrêge. De hear Roorda seit dat syn fraksje dit ütstel stipet. Oan de iene kant omt de wurkgelegenheid yn de toeristyske sektor tanimme kin en oan 'e oare kant omt de ynwenners mear rekreative mooglikheiden krije. De steande-mêst-rûte past goed yn it toeris- tysk-rekreative belied fan de gemeente. Alhoewol't de betsjinning fan de Tütsebrêge foar syn fraksje net de grutste prioriteit hat, kin hy wol ynstimme mei dit ündersyk. De definitive beslütfoar- ming oer it plan folget letter. Syn fraksje sil dan it plan posityf kritysk besjen. Hy is benijd nei hoe't de feilichheid sawol op de dyk as it wetter garandearre wurde kin en nei de hichte fan de eksploitaasjelesten yn ferhâlding ta de oare brêgen en it tal passaazjes dat ferwachte wurdt. Is it kolleezje fan doel om brêgejild te freegjen? In yntegrale ôfwaging fan de hiele rûte fan Ljouwert nei de Snitsermar soe op syn plak wêze. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it ütstel. Hy wachtet it operasjonele plan mei belangstelling óf. Hy nimt oan dat dit op koarte termyn barre sil. Yn it ramt fan de 5B- projekten en it toeristysk-rekreative üntwikkelingsplan soe der ek noch ris sjoen wurde moatte nei in trochbraak yn it ferlingde fan de Nauwe Golle foar de lytse rekraasjefaart. De hear De Jager seit dat yn de te realisearjen steande-mêst- rûte fan Akkrum nei Ljouwert de Tütsebrêge in obstakel is. Syn fraksje is dêrom ynnommen mei dit ütstel. It âlde sprekwurd seit dat de kost foar de baat ütgiet; sa is dat hjir ek. Mocht it skip mei jild üt Brussel oankomme dan binne dizze tariedings yn elts gefal mar dien. Mei de Tütsebrêge binne fansels net alle problemen tusken Akkrum en Ljouwert oplost, mar as earste oanset is dit in prima ütstel. Mefrou Santerna seit dat har fraksje mei dit ütstel ynstimme kin. Har fraksje freget oft dit projekt no noch wol op 'e tiid by de provinsje yntsjinne is. De hear Van den Berg seit dat hy graach ek de finansjele gefol- gen fan dit plan yn it ütstel opnommen sjoen hie. De definitive beslütfoarming moat letter plakfine, mar de gemeente giet dochs gjin f 12.000,00 ütlûken foar. in plan dat miskien ek wol net trochgiet. Lykwols kin syn fraksje ynstimme mei it ütstel. NOT1209/O/H/BROUWERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 10