- 3 - Bij acclamatie wordt de heer Veldstra benoemd als lid van de raadscommissie Algemene Zakefi en Welzijn en van de commissie voor Georganiseerd Overleg. 6. Voorstel tot vaststelling van een outplacementregeling gewezen wethouders De hear De Jager seit dat syn fraksje it iens is mei it ütstel. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 7. Voorstel tot het verruimen van het gemeentelijk kwijtschelding- sbeleid. De hear Roorda seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei dit ütstel omt hjirmei konkreet wat dien wurde kin foar de minsken mei de smelle beurs. Hy sjocht dit as in earste stap. In twadde, in bydrage regeling foar dielname oan it maatskiplik ferkear, soe noch folgje moatte. De lestendruk is de óf rune tiid foars tanommen en de posysje fan de minima is minder wurden. Der is in protte ferburgen earmoede. De twadieling tusken minsken mei en sünder wurk is skerper wurden. Wêr is it sosjale gesicht fan üs lân bleaun? De bydrageregeling foar dielname oan it maatskiplik ferkear wol syn fraksje graach besjen by de begrutting foar it kommende jier. De hear De Jager seit dat de gemeente mei dit ütstel yn ynstru- mint yn hannen kriget om in groep minsken finansjeel meer lucht te jaan. Eins is dit in nij stik minimabeleid. Syn fraksje is tige bliid mei dit ütstel. De hear Postma seit dat ek syn fraksje ynstimme kin mei it ütstel. It is in goed ynstrumint om finansjele knyppunten te ferlichtsjen. Konsekwinsje fan it wurkjen mei in produktbegrut- ting hâldt ek yn dat de kwytskeldingsbedragen goed tarekkene wurde. Minder opbringst betsjut dan in hegere bydrage fan de oare boargers. Syn fraksje wol dat de kwytskelding opnommen wurdt as lest sosjale foars jenningen en dat dy kwytskelding net üt de eksploitaasje fan de reiniging wei betelle wurdt. Dat is de meast heldere beneiering. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje bést ynnommen is mei dit ütstel. Mar it probleem is hjirmei net oplost. Wurkleazens en lege ynkommens steane yn fül kontrast ta de lukse fan de hegere en dûbele ynkommensgroepen. Hy begrypt dat de idee ünt- stiet dat de gemeenten wol in taak krije yn 'e bestriding fan de wurkleazens. Syn fraksje tinkt dat dat hiel goed is. De hear Van den Berg seit dat neffens him de ófspraak makke is dat oer de tarekkening fan de kosten by de begrutting op 'e nij praten wurde sil. Foar dit jier giet syn fraksje akkoart mei de tarekkening. Syn fraksje konstatearret dat de gemeente noch wol mear dwaan kin. Der is in minimabelied op papier. Syn fraksje fynt dat it minimabelied in grutte prioriteit hawwe moat en hy wachtet dan ek de ütstellen op dit mêd fan it kolleezje óf. Dan kin fêststeld wurde oft de ferantwurdlikheid dy't de ried mient te hawwen ek in finansjele fertaling krijt. NOT1209/O/H/BROUWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 5