- 4 - Mefrou Santema seit dat ek har fraksje it kwytskeldingsbelied in positive saak fynt. Dit moat lykwols wol ta utering komme yn de begrutting foar 1996. Yn de behanneling yn de kommisje binne wol kanttekenings makke. Har fraksje fynt de dekking út de post rei niging wei net suver. As der jild oer is op de reiniging komt it alle boargers ta. De foarsitter priuwt yn de ried wol sympaty foar it ústel. Lykwols is net eltsenien foar in ynfiering yn 1995. As dat wol bart, sa as it kolleezje wol, dan sil der dekking fün wurde moatte. Yn it útstel hie stean moatten dat de kommisje "yn mearderheid" posityf reagearre hat. De omfang fan it fraachstik fan' e (stille) earmoede is net bekind. De twadde stap, sa as de hear Roorda sein hat, sil oan 'e oarder komme by de begrutting foar 1996. Dit kwytskeldingsbelied is in part fan it minimabe- lied. Foar 1995 is foar de dekking in post socht dy't op syn minst diskutabel is. Foar it kommende jier kin de ried op 'e nij oer de dekking prate, mei oare wurden in bettere dekking fine. Yn de diskusje oer de ynfiering fan de nije Algemene Bijstands wet sil dúdlik wurde dat de gemeente yndied in gruttere taak krijt op it mêd fan de wurkleazensbestriding. Wethâlder De Boer seit dat de kommende moannen yndied oer ûnder oaren de nije Bijstandswet diskusiearre wurde sil. By de begrut ting sil der praten wurde kinne oer in bydrageregeling dielname maatskiplik ferkear. De hear Roorda seit dat it op himsels wol ynteressant is te wit ten hoe grut krekt de groep minsken is dy't ferlet hat fan in goed minimabelied. Al is it wol dúdlik dat dy groep behoarlik grut is en grutter wurdt. Syn fraksje is bliid mei dit útstel en kin him fine yn de dekking foar dit jier. Hy hopet ek op in posityf risseltaat foar de bydrageregeling dielname maatskiplik ferkear. De hear De Jager freget oft de regeling foar dit jier ek proble men opsmyt omt der al 9 moannen fan 1995 om binne. De hear Van der Baan seit dat it him wol stekt dat de grutte lanlike partijen altiten sa skriemerich dogge wylst se oan de oare kant mei ferantwurdlik binne foar de ynkommensferdieling yn Nederlân. Bygelyks, de hegere ynkommens wurde wakker holpen mei fiergeande fiskale foardielen. It soe goed wêze dat de grutte partijen ek foar de oare kant oandacht hawwe. Dizze regeling nimt net de oarsaak wei, hy bestriidt allinne mar in symptoom. Mefrou Santema seit dat har fraksje net mei de dekking foar 1995 akkoart gean kin. Sy wol pas by de nije begrutting in dekking sykje en mei de regeling begjinne. De foarsitter seit dat it net om de getallen giet mar om it begjinsel de minsken dy't it swier hawwe te helpen. Der sil in ferrekkening plakfine oer de ôfrûne moannen foar dy minsken dy't al betelle hawwe en no gebrûk meitsje kinne fan dizze regeling. Ynkommenspolityk, dêr't de hear Van der Baan oer praat, is net it foech fan de gemeente en dus is diskusje dêroer ek net op syn plak. NOT1209/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6