- 5 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de V.V.D. wordt geacht tegen de inwerkingtreding van de regeling op 1 januari 1995 te hebben gestemd en dus ook tegen de dekking die voor 1995 is gezocht. 8. Voorstel tot beëindiging van de gemeentelijke dienstverlening via de postkantoren. De hear De Jager fynt it spitich dat de tsj instferliening troch de P.T.T. ophâldt, mar tsjin de stream oproeie hat ek gjin sin. Syn fraksje sjocht mei niget út nei it útstel oangeande de ferromming fan de tsj instferliening dat oan de ein fan dit jier komt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. By de weryndieling yn 1984 is tasein dat de tsj instfer liening net achterút gean soe. Syn fraksje wol graach dat der ûndersocht wurdt oft in helpsiktary op oare plakken mooglik is. Fan belang is wol dat de tsjinstferliening útwreide wurdt nei de jûnsoeren en mooglik de sneontemoarn. Der is al earder sein dat dat eins fanwegen de befeiliging fan it gemeentekantoar net kin. De befeiliging fan it gemeentekantoar is no ek al yn'e jûnsoeren net al te best. Hy freget it kolleezje dêr ris nei te sjen. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje it spitich fynt dat dizze tsjinstferliening ferdwynt. Lykwols stipet hy it útstel. Hy hie it wol moai fûn dat de útkomst fan it ûndersyk bekind west wie en der in yntegraal ústel oangeande de tsjinstfer liening kommen wie. De hear Veldstra seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel, alhoewol't in stikje tsjinstferliening foar de lytse doarpen weromlutsen wurdt. Hy wiist yn dit ramt op it Ferfiers- projekt dat de minsken út de lytse doarpen wei in goede tsjinst bewiize kin. Mefrou Santema seit dat it ferskraling fan it plattelân eltsen- ien oangrypt. Se fynt it spitich dat yn de lytse doarpen ek de leste hannelingen dy't de P.T.T. dwaan mei ferdwinen geane. De gemeente soe ek sa fia de postkantoaren foarljochting jaan kin- ne. Ek sy hie graach ien útstel hawwe wollen dêr't de útwreiding fan de iepeningsoeren op it gemeentekantoar ek yn bef lapt wie. No wurdt it iene útklaaid sûnder dat bekind is wat it oare opsmite sil. Utwreiding fan de tsjinstferliening, bygelyks it stoartplak foar de smoargens op sneontemoarn iepen, moat oer it hiele pakket fan tsjinsten besjoen wurde. De foarsitter seit dat it kolleezje sjen sil, sa as tasein yn it útstel, nei útwreiding fan de tsjinstferliening. Dêr sitte in tal fraachpunten oan fêst, sa as bygelyks de befeiliging fan it kantoar. It is net te beteljen dat eltsenien by wize fan sprek- ken dei en nacht op it gemeentekantoar telâne kin. It soe lykwols moai wêze dat njonken de moarnsoeren dat de ôfdieling Boargersaken iepen is en de inkelde middei der noch in iepenstel ling bygelyks op de grins fan de jûn wêze soe. It tal fragen dêr't gjin oplossing foar fûn wurdt is lykwols hiel lyts. De meiwurkers op Boargersaken binne altiten ree om minsken mei har ren probleem te helpen. Dat komplimint hat de ôfdieling seker fertsj inne. N0T1209/0/H/BR0UWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7